Springe nei ynhâld

Lapdance

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 jun 2021 om 13.57 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In lapdance-demonstraasje op 'e AVN Adult Entertainment Expo fan 2008.

In lapdance (letterlik: "skurtedûns") is in foarm fan sekswurk dy't yn in protte stripklups ferrjochte wurdt. Dêrby fiert in stripper in seksueel eksplisite eroatyske dûns op deunby of yn lichaamlik kontakt mei in klant. Ofhingjend fan 'e pleatslike wetjouwing en it belied fan 'e klup kin de dûnseresse net folle klean oan hawwe of topless of sels hielendal neaken wêze. By in full contact lapdance kin de stripper non-penetratyf seksueel kontakt mei har klant oangean, bygelyks troch mei har stuten yn syn krús te riden (grinding).

Der besteane ferskate farianten fan 'e lapdance, lykas de couch dance ("sofadûns"), wêrby't de klant ûnderwilens op in bank of sofa sit, en de bed dance ("bêddûns"), wêrby't de klant op in bêd leit. Yn in soad stripklups wurdt de lingte fan in lapdance ôfmetten neffens de lingte fan it nûmer dat draaid wurdt troch de d.j. fan 'e klup. Yn guon klups kinne lapdance-sesjes, dy't yn 'e regel in healoere beslane, boekt wurde yn in champagne room, wat in priveefertrek is dat ornaris efteryn in stripklup sitewearre is, en dêr't de klant sûnder gleskegnuvers fan syn lapdance genietsje kin.

Ofhingjend fan 'e pleatslike wetten en de regels fan 'e oangeande klup kin it al of net tastien wêze dat de stripper ûnder de lapdance de klant oanrekket, of de klant de stripper, of beide inoar, of net ien fan beiden inoar. Oan 'e oare kant kin yn alle gefallen in hiel skala oan kontaktfoarmen tusken beiden mooglik wêze as klant en stripper dêr oerienstimming oer berikke en salang't de kluplieding it troch de fingers sjocht. Datoangeande rint it belied fan ferskillende stripklups wiid útinoar. Kritisy fan lapdancing sizze dat guon klupeigeners, troch it ynrjochtsjen fan tsjustere herntsjes en troch fan strippers hege prizen te freegjen om yn harren klups optrede te meien, it ferhanneljen fan seksuële dieden temûk tastean en sels oanmoedigje (wat tsjin 'e wet is yn lannen dêr't prostitúsje ferbean is).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.