Springe nei ynhâld

Grand Rapids (Michigan)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 mai 2021 om 16.01 troch PieterJanR (oerlis | bydragen) (Sjabloon)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grand Rapids
Sintrum oan de rivier Grand
Sintrum oan de rivier Grand
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Michigan
County Kent
Sifers
Ynwennertal 188.040 (2010)
Oerflak 117,3 km²
Befolkingsticht. 1.677/ km²
Hichte 195 m
Oar
Stifting 1826
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjele webside Grand Rapids
Lizzing fan Michigan
Lizzing fan Grand Rapids

Grand Rapids is in stêd yn de Amerikaanske steat Michigan. It is de haadstêd fan Kent County en leit op 40 kilometer fan het Michiganmar en 240 kilometer bewesten Detroit. De stêd hie 188.40 ynwenners yn 2010, de regio Muskegon-Holland-Grand Rapids hie doe 1.321.557 ynwenners.

Grand Rapids leit oan de rivier de Grand, dy't op dat plak lytse streamfersnellingen (rapids) hat. Grand Rapids hat in protte meubelyndustry wat har de bynamme 'meubelstêd'(furniture city) opsmiten hat. Under Grand Rapids leit it haadkantoar fan it ynternasjonale marketing- en ferkeapbedriuw Amway Corporation.

Pearlstrjitte, Grand Rapids 1885

It gebiet dêr't Grand Rapids ûntstien is, waard earst nei 1820 troch sindelingen en pelshannelers besocht, dy't yn it generaal freedsum mei de lânseigen Ottawa-yndianen libben, dy't sûnt likernôch 1700 oan de iggen fan de rivier Grand tahâlden.

De offisjele stifter fan Grand Rapids wie Louis Campau út Detroit, dy't dêr yn novimber 1826 ferskynde om te hanneljen mei de yndianen en dêr ek in smidswinkel begûn. De earste blanke fêste bewenner fan Grand Rapids en omkriten wie lykwols de baptiste predikant Isaac McCoy dy't yn 1825 kaam. Lju fan New York en Nij-Ingelân setten har nei 1830 nei wenjen yn de kontrei.

Grand Rapids waard offisjeel op 1 maaie 1850 in stêd, dêr wennen doe 2.686 minsken, dy't oer de stedsstatus stimme mochten.

Twadde helte 19e iuw kaam de houtyndustry op en ûntjoech de meubelyndustry him ta merklieder yn de Feriene Steaten. De stêd waard teffens in middelpunt fan Nederlânske ymmigranten yn de 19e iuw.

Keunst en kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Grand Rapids Art Museum, in museum foar keunst
  • Frederik Meijer Gardens and Sculpture Park, in byldepark

Grand Rapids wie lang in sintrum fan meubelyndystry, mar ek fan autoyndustry. Letter is dêr biotechnology bykaam; it Van Andel Medical Institute, en de nije Cook-Devos Medical Training Facility, dy't in part fan Grand Valley State University is, sitte yn Grand Rapids.

Tichtby Grand Rapids leit it ynternasjonale fleanfjild Gerald R. Ford International Airport.

De steat Michigan is bekend om syn konsintraasje fan kristlike útjouwerijen, sa as Zondervan, Baker Books, Kregel Publications en Eerdmans Publishing.

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Grand Rapids

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Grand Rapids

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De skyline fan Grand Rapids.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grand Rapids, Michigan fan Wikimedia Commons.