Finnburg Fragmint
It Finnburg Fragmint is in fragmint fan in Aldingelsk fers. De besteande tekst komt fan in ferlern manuskript dat bewarre waard yn Lambeth Palace, yn London, de residinsje fan de aartsbiskop fan Canterbury. De Britske learde George Hickes hat oan 'e ein fan de 17e iuw in ôfskrift makke fan dit stik en hy hat it publisearre yn in boek oer de âldheid yn 1705. Nei dy tiid waard it oarspronklike manuskript ferlern of stellen. Ien fan 'e swierrichheden mei de tekst is dat oare oersettingen dy't Hickes makke hie en wêr't fergelikingen mei mei de orizjinelen mei makke binne, faaks net krekt binne, sadat de tekst echte ferbetteringen nedich hat.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fers beskriuwt in wierskynlik histoaryske slach dêr't de Deenske prins Hnaef yn oanfallen waard by in stee dat Finnburg neamd waard, "Finn's fort of stins"; dat wie it kastiel fan syn sweager Finn, haadling fan de Friezen. Blykber kaam Hnaef dêr om de winter troch te kommen. It fragmint begjint mei Hnaef syn observaasje fan wat hy bûten sjocht: "is net de dage yn it easten, net it fleanen fan in draak, noch binne de gevels oan it brânen"; wat hy sjocht binne de fakkels fan neier kommende oanfallers. Hnaef en syn sechstich krigers hâlde fiif dagen stân, sûnder ferliezen. Dan giet in ferwûne kriger fuort om wat mei syn sjef te bepraten (it is net klear oan hokker side) en it fragmint einicht.
It fragmint is mar fyftich rigels lang; en de namme fan Finn wurdt der net spesifyk yn neamd, ek net de namme fan de stridende stam. Gelokkich is der in passaazje yn it epyske fers Beowulf, dêr't Hrothgar's de bard in lied yn sjongt oer de ôfrin fan de slach dy't de Freswael neamd wurdt, de "Fryske Slachterij", dat is itselde ferhaal. De Beowulf is sawat njoggentich rigels lang. De Finnburg- episoade is in taspiling en dat jildt ek foar Beowulf. It is dúdlik bedoeld foar in publyk dat it ferhaal al koe.
Dizze Finnburg Episoade (rigel 1068-1159 yn Beowulf) beskriuwt fierders it treurjen fan Hildeburh, Hnaef syn suster; Hnaef syn takomstige brânsteapel, wêrop it lichem fan Finn syn soan al brânt; en it pakt tusken Finn en Hengest, dy't lieder is fan Hnaef syn oerlibjende krigers en dy 't ek neamd waarden yn it fragmint. De tastân hjirfan is tsjuster; mar Hnaef syn minsken bliuwe yn Finnsburg, yn alle gefallen de winter, en de Friezen beskimpe harren net foar it ferliezen fan harren lieder. Op de ein lykwols, is Hengest oertsjûge dat wraak wichtiger is; Finn is dea en Hildeburh "giet werom nei har folk".
Fraachtekens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mear as dit is der net, de rest moatte wy riede en is ûnwis. It nuverste is wol de ferwizing nei ēotenas, dat kin útlein wurde as "reuzen" of as tredde stam, de Juten. Guon gelearden tochten dat dit "fijân" betsjutte; en as it net sa wie, wat dogge sy dêr en oan hokker side wiene sy? (Guon sizze dat sy fijannen fan beide siden wienen). Wie Finn belutsen by de oanfal? Parallellen kinne makke wurde dat wraak op him fan tapassing wie, want wie hy net ferantwurdlik foar de oanfal troch syn minsken? Hat de soan fan Finn fochten foar syn heit of foar syn omke?
It fragmint befet gjin kristlike ferwizings en it brânen fan Hnaef is in bekend heidensk gebrûk. It is in koart stik oer in slach, mar de slach-fersen Waldere út Beowulf waarden wol sjoen as kristlike omskriuwingen.
De gelearde J.R.R. Tolkien hat in stúdzje makke oer it Finnburg fragmint: Finn and Hengest: The Fragment and the Episode, Houghton Mifflin Company, New York (1983), ISBN 0-395-33193-5. De Fryske skriuwer Douwe Kalma hat hjiroer publisearre: Kening Finn.