Springe nei ynhâld

Ronny Bierman

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 apr 2021 om 18.10 troch Drewes (oerlis | bydragen) (oanfollinkje fan nl:)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ronny Bierman
akteur
Ronny Bierman as Kitty Overwater yn Hotel de Botel (1976)
Ronny Bierman as Kitty Overwater yn Hotel de Botel (1976)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ronny Greetje Bierman
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlân
berne 12 july 1938
berteplak Amsterdam
stoarn 3 febrewaris 1984
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1964 - 1983
offisjele webside
n.f.t.

Ronny Greetje (Ronny) Bierman (Amsterdam, 12 july 1938 - dêre, 3 febrewaris 1984) wie in Nederlânsk aktrise en sjongster.

Ronny Bierman wie ien fan de earste learlingen fan de Kabaretskoalle Bob Bouber, de lettere Akademy foar Lytskeunst. Se wie faak te sjen op telefyzje en yn films.

Nei har oplieding oan de Academie voor Kleinkunst yn Amsterdam debutearre Ronny Bierman yn 1962 yn de musical Free as Air. Dêrnei hie se súkses as komédiënne en spile se yn tal fan musicals, telefyzjerigen, toanielstikken en films. Se die mei oan it paadsljochtsjend kabaret Lurelei en it Rotterdamsk Toaniel. Se spile bekende rollen yn de musical Anatevka (1966) en de telefyzjesearje 't Schaep met de 5 pooten (1969-1970). Ek spile hja Frou van Duin yn Merijntje Gijzen (1974) en trije jier earder Blonde Greet yn de koartswilige film Wat Zien Ik!? fan Paul Verhoeven. Yn 1972 wie se mei Jenny Arean en André van Duin op telefyzje te sjen yn de muzukproduksje Het meisje met de blauwe hoed. Yn 1976 spile se tegearre mei Rijk de Gooyer yn it blijspul Quitte of dubbel, dat letter ferfilme wurde soe.
Fierder wie se faak gast yn telefyzjeprogramma's. Se was panellid yn Avro's puzzeluur en gastpresintatrise bij Avro's sportpanorama.

In 1983 moast se har rol yn in blijspul oer jaan meidat se slim siik waard. Se stoar in skoftke letter yn de âldens fan 45 oan de gefolgen fan leverkanker.
Se kaam te hôf op it Amsterdamsk begraafplak Zorgvlied, mar wilens is har grêf leechmakke.

  • Loe, d'r ligt een lijster in de la
  • He Knul
  • Met negen huishoudens op een trap (mei Leen Jongewaard)
  • Greetje en Jansie (mei Adèle Bloemendaal)
  • Ach de mens op aarde (mei Piet Romer)
  • Moeder is dansen
  • Trui gaat filmen
  • Wees een beetje aardig
  • Grijpstra en De Gier
  • De gulle gever
  • We willen wat anders
  • Ogen dicht en droom