Springe nei ynhâld

Grut Barriêrerif

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 jan 2021 om 22.26 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grut Barriêrerif
Satellytfoto fan it Grut Barrièrerif

It Grut Barriêrerif (Ingelsk: Great Barrier Reef) is it grutste koraalrif fan de wrâld. It leit yn de Koraalsee, ten easten fan de steat Queensland, parallel oan de noardeastkust fan Austraalje. Fan de Lady Elliotteilannen by de kust fan súdlik Queensland oant de Golf fan Papoea ten suden fan Papoea Nij-Guinea hat it in lingte fan mear as twatûzen kilometer.

It Grut Barriêrerif is de grutste toeristyske attraksje fan Austraalje en ek in wichtich natoerlik gebiet dat sûnt 1981 op de wrâlderfgoedlist stiet. Fanút plakken as Cairns en Townsville wurde in soad toeristyske aktiviteiten ûntploaid by it rif, wêrûnder dûktochten en rûnfearten. Der wurdt in soad ûndersyk dien nei de tastân fan it Grut Barriêrerif. In resinte stúdzje fan in Australysk ûndersyksteam hat dêrby oantoand dat de snelheid wêrmei't koraal kalk út it seewetter opnimt, de lêste tweintich jier hurd minder wurden is. Dit liedt ta in fertrage groei fan stienkoralen yn dit gebiet. Neffens ûndersikers is dit mooglik in gefolch fan de taname fan koaldiokside yn de atmosfear wêrtroch't oseanen stadichoan fersoerje, of fan de opwaarming fan it seewetter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]