Springe nei ynhâld

Mauthausen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 des 2020 om 11.55 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Mauthausen
Bestjoer
Lân Eastenryk
Distrikt Perg
Dielsteat Boppe-Eastenryk
Sifers
Ynwennertal 4.926 (2005)
Oerflak 14 km²
Befolkingsticht. 352 / km²
Hichte 265 m
Oar
Tiidsône CET/CEST (UTC+1/+2)
Offisjele webside
www.mauthausen.at/

Mauthausen is in lytse merkstêd yn Boppe-Eastenryk yn Eastenryk. It plak leit sa'n 20 kilometer be-easten de stêd Linz en hie yn 2001 in ynwennertal fan 4.850.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie dêr it konsintraasjekamp Mauthausen-Gusen

Yn de omkriten fan Mauthausen wenje al tûzenen jierren minsken. Yn it tiidrek fan it Romeinske Ryk lei it op in krúspunt fan twa wichtige hannelsrûtes.

Ein 10e iuw wie dêr in tolstasjon foar skippen (Maut yn it Dútsk). De namme "Muthusen" wurdt foar it earst fernijd yn 1007.

Under de Earste Wrâldkriich wie dêr in kriichsfinzenekamp eastlik fan Mauthausen. Russen, Serven, mar meast Italjaanske soldaten (soms wol 40.000 man) sieten dêr fêst. Om de 9000 stoaren yn it kamp. Sy wurde yn oantins holden op in oarlochsbegraafplak.

Yn de Twadde Wrâldkriich, fan 1938 oant 1945, wie der in konsintraasjekamp westlik fan de stêd. Begjin 1940 waard in grut tal Poalen oerbrocht nei it kampkompleks Mauthausen-Gusen. Der wurdt rûsd dat sa'n 30.000 Poalen stoaren yn Mauthausen-Gusen. De finzenen waarden bleatsteld oan barbaarske omstannichheden; it wreedferneamdst wie de stiengroeve. Finzenen moasten swiere rotsblokken in trep fan 186 treden op tôgje. De trep wie bekend as de 'Trep fan de dea'.

Mauthausen krige yn 1954 en 2002 te meitsjem mei oersteaming fan de rivier de Danube.

It besjen wurdich, û.o.: