Springe nei ynhâld

Foarferkiezing

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 des 2020 om 20.31 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In foarferkiezing (almeast yn meartalfoarm brûkt, as foarferkiezings of foarferkiezingen) is in type ferkiezing dat foarôf giet oan 'e algemiene ferkiezing, en dat bedoeld is om kandidaten te selektearjen foar de algemiene ferkiezing. It ferskynsels is it bekendst út 'e Feriene Steaten, dêr't yn it Ingelsk sprutsen wurdt fan primary elections of primaries. Om't it Amerikaanske politike systeem funksjonearret as in twa-partijestelsel, omfetsje de beide grutte politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij, leden dy't in breed ferskaat oan politike streamings en ideologyen fertsjintwurdigje. Om út te meitsjen hokker kandidaat it by ferkiezings opnimme mei tsjin 'e kandidaat fan 'e oare partij, wurde foarferkiezings binnen de eigen partij organisearre.

Dat wurdt dien by ferkiezings foar alderhanne amten, fan ofsier fan justysje oant lid fan 'e Amerikaanske Senaat. Yn it bûtenlân binne lykwols de foarferkiezings foar de ferkiezings foar it Amerikaanske presidintskip fierwei it bekendst. Dy fine plak yn 'e earste helte fan 'e jierren dat yn 'e earste wike fan novimber de presidintsferkiezings holden wurde. Se wurde net nasjonaal organisearre, mar per partij en per steat.

Tradisjoneel begjint it foarferkiezingsseizoen ein jannewaris of begjin febrewaris mei de caucus fan Iowa, in wike letter folge troch de earste echte primary yn Nij-Hampshire. Iowa en Nij-Hampshire binne net ien fan beide steaten mei in grutte befolking, mar troch it organisearjen fan 'e earste foarferkiezings kinne se in boppegemiddelde ynfloed op 'e presidintsferkiezings útoefenje. Neitiid folgje inkele oare steaten, wêrnei't ein febrewaris of begjin maart op Supertiisdei mear as tsien steaten op deselde dei stimme. Ornaris is dêrnei wol dúdlik wa't de kânshawwers op 'e Demokratyske en Republikeinske nominaasje binne. De lêste foarferkiezings, dy't yn maaie en begjin juny plakfine, hawwe frijwol gjin ynfloed mear op 'e útkomst, om't de kandidaat tsjin dy tiid al bekend is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.