Springe nei ynhâld

Nijlanner Feart

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 nov 2020 om 13.23 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Nijlanner Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de Huniadyk east fan Nijlân nei it westen oant de Jonge Dyk en fan de Jonge Dyk fierder benoarden Nijlân om súdliker út te rinnen yn De Wimerts noardeast fan Wolsumer Ketting .

De namme Nijlanner Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Bloedvaart.