Wilhelmina-oard (ynstelling)
Wilhelmina-oard is in ynstelling foar geastlik beheinden yn Sint-Nyk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basis foar de ynstelling waard lein yn 1886. Jonkhear Frans Johan Julius van Eysinga kocht doe in stik lân mei bosk yn Sint Nyk. Nei syn dea yn 1902 liet de jonkhear de besittingen oer oan syn fjouwer dochters. De fjouwer frelles lieten inkele jierren letter it fraaie rêsthûs Wilhelmina-oard foar froulju en famkes sette, neamd nei harren mem: Frouwe Tjallinga Aurelia Wilhelmina Camstra van Welderen, baronnesse Rengers. De susters skonken it gebou yn 1925 oan it Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert. Op har beurt droech dy ynstelling Wilhelmina-oard om 1960 hinne oer oan de provinsje Fryslân. Dy ferhiert it gebou no al jierren oan de stifting Wilhelmina Oard, dy't it brûkt as beskermjende wenfoarm foar minsken mei in geastlike beheining. Ek it hjoeddeiske hotel-restaurant 'De Oarsprong' hat in 'Van Eysinga-ferline'. Foarhinne siet yn dit gebou de stoeterij fan de famylje. De yn 1885 stifte stoeterij hie as doel it Fryske hynsteras net allinnich yn stân te hâlden', mar benammen ek te ferbetterjen. It gie destiids net sa goed mei de fokkerij fan it hynder. Letter waard it in foarmingssintrum en wer letter in kristlik fakânsje- en konferinsjesintrum.