Bûdapest
Bûdapest | ||
Bestjoer | ||
Lân | Hongarije | |
Provinsje | Haadstêd Bûdapest | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1,721,556 (2010) | |
Oerflak | 525,16 km² | |
Befolkingsticht. | 3.241,5 / km² | |
Stêdekloft | 3.271.110 | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
(in) (dú) Webstee Bûdapest |
Bûdapest of Boedapest (Hongaarsk: Budapest) is de haadstêd fan Hongarije. Yn de stêd wennet likernôch in fiifde part fan alle ynwenners fan it lân. De stêd leit op beide iggen fan de rivier de Donau, en is in gearfoeging, út 1873, fan Bûda en Ald Bûda op de rjochter igge, en Pest op de lofterigge.
De stêd spilet in dominante rol yn it lân op ûngefear alle mêden (bestjoer, hannel, yndustry, ferkear, kultuer). Bûtendat is de stêd it wichtichste ferkearsknooppunt en (hieltiten mear) it kulturele hert fan Sintraal-Jeropa.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iggen fan de Donau waarden eartiids al troch de Kelten bewenne. De Romeinen bouden op it plak fan it hjoeddeiske stêdsdiel Óbuda in legerkamp Aquincum dêr't letter in boargerlike delsetting ûntstie. Op it hichtepunt fan de Romeinske tiid herberge de stêd 30.000 ynwenners en wie haadplak fan de Romeinske provinsje Pannoonje. Under de Grutte Folkeferfarren yn de 5e iuw rekke de stêd yn ferfal en lutsen de oarspronklike bewenners fuort. Neikommers kamen, Slavyske stammen en út dy tiid stammet nei alle gedachten de namme Bûda ('lyts hûs','hut') foar it diel oan de rjochter igge en Pest ('hol') foar de oare igge, miskien troch de protte hollen, dy't har dêr doe yn de heuvels befûn. Iuwen letter yn de 10e iuw ferskynde in oar folk, de Hongaren, dy't by Bûda op in strategyske heuvel yn 1247 in kastiel bouden dat yn 1361 haadstêd fan it keninkryk Hongarije waard.
Yn 1526 makkke de Turken in ein oan it Hongaarske ryk en ferovere de stêd. Fan 1686 ôf wie Bûdapest yn Eastenrykske hannen en kaam ûnder Habsburgsk bewâld, dat oant 1918 oan de macht bliuwe soe. Yn dy tiid makket benammen Pest in mânske groei troch, en op de ein fan de 19e iuw bedroech de befolking om-ende-by 730.000 ynwenners.
Yn de 20e iuw waard de stêd fierder útwreide mei de nije stêdsdielen (Újpest, Kispest, Angyalföld). De Twadde Wrâldkriich wie dramatysk mei de deportaasje en ferneatiging fan de grutte joadske mienskip troch de nazis dy't de stêd yn 1944 besetten. De befrijing troch de Sowjet-Uny wie feitlik in nije besetting mei as djiptepunt it delslaan fan de Hongaarske opstân yn 1956 troch deselde Sowjet-Uny. Dizze foarfallen hawwe alle har spoaren neilitten yn it stêdsbyld. Begjin 80-jierren berikte de befolking fan de stêd har omfang.
Sûnt yn 1989 de nije Republyk Hongarije útroppen waard, is de stêd it toaniel west fan grutte herfoarmingen. De weromkomst fan de frije merkekonomy hat it stêdsbyld tige ferlibjend. De befolkingsgrutte is lykwols fierder ôfnommen.
Demografyske ûntjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1800 | 1830 | 1850 | 1880 | 1890 | 1900 | 1925 | 1980 | 1990 | 2005 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolkingsoantal | 54.200 | 102.700 | 178.000 | 370.800 | 491.900 | 733.400 | 957.800 | 2.059.300 | 2.016.700 | 1.750.000 |
Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûda leit op de heuveleftige rjochterigge fan de Donau (links op de kaart). Twa fan dy heuvels dominearre: de Burchtheuvel (Várhegy) en de Gellértberch.
Op de Burchtheuvel stean de wichtichste monuminten fan Bûda:
- de Burcht en Burchtheuvel (Várhegy) - sjoch Bûda
- de Mattiastsjerke (Mátyástemplom)
- it Fisserskbastion (Halászbástya)
- de Táncsics Mihály utca
De heuvel is mei in muorre omwâle: de 18de-iuwske Burchtwyk yn de omwâling is goed bewarre bleaun (allinne it súdlike part hat swiere kriichskea late). It útsjocht oer de Donau mei har brêgen en Pest is yn in protte lieten besjongen. Lykwols binne de measte attraksjes en grutte toeristelûkers fan Bûdapest minder âld as se derút sjogge: sawol de Mattiastsjerke yn syn hjoeddeiske foarm as it Fisserskbastion binne boud yn de 19e iuw.
Oare wichtige nijsgjirrichheden yn Bûda:
- de Wetterstêd (Viziváros)
- de Szent Anna-Templom (Sint-Annaktsjerke)
- de Batthyány tér (Batthyányplein)
- de Sitadel fan Bûda
- it Hotel Gellért
Nijsgjirrichheden yn Pest:
- it Parlemintsgebou oande iggen fan de Donau
- de Andrássyboulevard (Andrássy út), dé boulevard fan Bûdapest
- it Heldenplein (Hősök tere) op de ein dêrfan, mei it Millenniummomumint
- it Városliget (Stêdspark) mei:
- de Vajdahunyadburcht
- it restaurant Gundel
- it Vidámpark (Pretpark)
- de Állatkert (Dierentún)
- de Nagykörút (Grutte Boulevard) mei har winkels en hotels
- it sintrum (fiifde distrikt) leit fuort tsjinoer de Burchtheuvel en is it saken- en winkelsintrum fan hiel Bûdapest.
- de Sint-Stefanusbasilyk (Szent István Bazilika)
- de Theaterwyk
- protte badhûz, dêr't guons werom gean oant de Turkske tiid
- de restaurearre Grote Merkhal
- de ferneamde kofjehûzen
Brêgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne njoggen brêgen oer de Donau yn Bûdapest:
- De Spoarweibrêge fan Újpest, fier yn it noarden
- De Árpádbrêge dy't Margiteiland mei Óbuda ferbynt
- De Margitbrêge dy't tagong jout oan it Margiteilân, in parkeilân yn de Donou
- De Kettingbrêge (of Lánchíd) en âldste brêge fan Bûdapest (1849)
- De Elisabethbêge, in opfoljende moderne brêge
- De Frijheidsbrêge (of Szabadsághíd), eartiids Ferenc Józsefhíd (Frans-Jozefbrêge)
- De Petőfibrêge dy't in ferbining jout mei de Nagykörút (Grutte boulevard)
- De Lágymányosibrêge, de nijste brêge dy't de Petőfibrêge ûntlêste moat
- De súdlike spoarbrêge, de spoarweiferbinning mei Wenen.
Fotogalerij gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Terror Hûs
-
Synagoge
-
Sint-Stefanusbasilyk
-
Mattiastsjerke
-
Fisserskbastion
-
Széchenyi Fürdő