Springe nei ynhâld

Victim blaming

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 nov 2020 om 14.34 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Victim blaming ("slachtofferbeskuldiging") of blaming the victim ("it beskuldigjen fan it slachtoffer") is in psychologysk ferskynsel of in moedwillige strategy fan mislieding, wêrby't omstanners of de dieder(s) de ferantwurdlikheid foar it plakfinen fan in misdriuw hielendal of foar in part by it slachtoffer dellizze. De namme foar dit ferskynsel is ôfkomstich fan it boek Blaming the Victim, fan William Ryan, út 1971, wêryn't dy de stellings wjerlei dy't Daniel Patrick Moynihan yn 1965 op 't aljemint brocht hie yn syn The Negro Family: The Case for National Action (oer it algemien koartwei it Moynihan Report neamd). (Moynihan woe hawwe dat de Afro-Amerikanen yn 'e Feriene Steaten harren earmoede en sosjale problematyk oan harsels te witen hawwe ynstee fan oan hoe't de Amerikaanske maatskippij yninoar sit.)

Victim blaming komt faker foar by ferkrêftings en oare sedemisdriuwen as by oare misdriuwen, lykas berôving of moard. Ferkrêftingsslachtoffers wurde fral tige stigmatisearre yn kultueren dy't sterke taboes hawwe oangeande seks en seksualiteit. In ferkrêftingsslachtoffer, benammen ien dy't foartiid noch jongfaam wie, kin dan beskôge wurde as foargoed "skansearre" en net mear geskikt om (mei) te trouwen. Yn sokke kultueren kinne slachtoffers stilwei yn in isolemint reitsje, of sels aktyf ferstjitten wurde en troch famylje en freonen leagene. It kin har ferbean wurde om te trouwen (as dat dochs al net ûnmooglik wurden wie), of as se al troud wiene, kin harren man fan har skiede. Yn kultueren dêr't it ferskynsel earwraak foarkomt, kinne se sels fermoarde wurde (wêrby't de moardner(s) dan ornaris út har eigen famylje komme), mei as doel om 'e "skande" fan 'e famylje út te wiskjen.

Victim blaming hâldt foar it slachtoffer in wertraumatisearring yn dy't gauris ta nije psychologyske swierrichheden of sels selsmoard liede kin. It komt net inkeld foar yn kultueren dêr't (fral de froulike) seksualiteit ûnderdrukt wurdt, mar oeral op 'e wrâld, en kin ek bestean út taktleas kommentaar of hufterich hâlden en dragen troch de plysje of it medysk personeel. Teffens foarmet it faak in bewuste strategy fan 'e abbekaat fan 'e dieder(s) by dy syn/har berjochting, lykas yn in bekende saak út 2011, fan in alvejierrich slachtoffer fan ferskate groepsferkrêftings yn Cleveland, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, dy't der troch de ferdigening fan 'e dieders fan betichte waard dat se de jongemannen willensmoeds en mei opsetsin nei harren doem lokke hie. Victim blaming komt benammen in protte foar by troch bedwelming mooglik makke sedemisdriuwen, date rape en ferkrêfting yn it leger.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.