Wetter Is Libben
Appearance
Wetter Is Libben is de namme fan in keunstprojekt fan keunstner Henk Hofstra út Drachten dat op 6 april 2007 ûnthuld is. Foar it keunstwurk wie hast 4000 liter blauwe farve nedich. De blau farve wei (It Mûnein) yn Drachten symbolisearret it kanaal dat op itselde plak rûn hat, mar letter tichsmiten is.
It projekt kaam yn opspraak omdat de helte fan de € 75.000 kostjende klus út mienskipsbelestingen betelle waard. De projektûntwikkelder betelle de rest. De iepening troch de Drachtster wethâlder fan Kultuer, Fred Veenstra barde ûnder grutte media belangstelling.
Nei 2012 ferdwûn it keunstwurk stikje by bytsje, meidat it net ûnderholden waard en fanwege it fannijs graven fan de Drachtster Feart troch it Mûnein.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hofstra hat tajûn dat de aard fan syn keunstprojekt mei ynjûn is troch syn winsk om mei de tiid sichtber te wêzen op Google Earth.