Springe nei ynhâld

Strykizermuseum Bouten fan Boudje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 okt 2020 om 16.49 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Strykizermuseum Bouten fan Boudje is in lyts museum yn Kaard op it waadeilân Skylge.

Untstie by it út 'e hân rinnen fan in hobby. De kolleksje bestiet út in samling strykizers, ploai- en mangelattributen. De 850 eksimplaren komme út meardere iuwen. Ek de âldste wize fan glêd meitsjen is te sjen: wriuwe mei in strykglês. Fierder parse-, ploai- en mangelattributen. Ek in biljardizer heart by de kolleksje.

Yn Nederlân binne ek strykizer- en waskmusea yn Noordbroek, Hierden en Boxtel.