Fideoklip
In fideoklip is in koart filmke dat troch in muzikant, sjonger of band makke wurdt by in muzykstik, mei as bedoeling om dat muzykstik te promoatsjen. Hoewol't dizze oantsjutting út it Ingelsk komt, wurdt yn dy taal de term music video foar sa'n soarte filmke brûkt, wylst in video clip de namme is foar wat yn it Frysk in webfilmke hjit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik is de fideoklip yn 'e jierren santich ûntstien by wize fan ferfanging as de oangeande artyst net live op 'e tillefyzje optrede koe. As alderearste fideoklip wurdt faak dy fan it nûmer Bohemian Rhapsody, fan 'e Britske band Queen neamd, út 1975. Dat is lykwols net wier, hoewol't it al de earste wie dy't mei in fideokamera opnommen waard. Letter hat de Amerikaanske sjonger Michael Jackson in pioniersrol ferfolle by de fierdere ûntwikkeling fan 'e fideoklip. Fral de klip fan syn nûmer Thriller, út 1983, is tige ferneamd. De opkomst fan tillefyzjestasjons dy't spesjalisearre binne yn it útstjoeren fan fideoklips, lykas MTV, TMF, The Box, ensfh., hat der ta laat dat tsjintwurdich hast gjin artyst mear in cd of single útbringt sûnder in byhearrende fideoklip te produsearjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|