Springe nei ynhâld

Oería de Hettyt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 okt 2020 om 07.54 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kening David jout de brief oan Oería (Pieter Lastman, 1611)

Oería de Hettyt (útspr. mei de klam op 'e i; Hebriuwsk: אוּרִיָּה הַחִתִּֽי‎‎) is in Bibelsk persoan dy't omtrint 1000 f.Kr. libbe. Hy wie in (blykber Hettitysk) ofsier yn it leger fan kening David en de man fan de kreaze Batsjêba, dêr't kening David in bûtenechtlike relaasje mei ûnderhold.

It ferhaal yn it Alde Testamint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oería wenne ticht by it paleis fan kening David en hearde neffens 2 Samuël 23:39 by de tritich machtige manlju fan it keninkryk. Wylst de kening ienris op in jûn op it dak fan syn paleis wie, seach hy in frou dy't har oan it waskjen wie. It wie Batsjêba, de frou fan de Hettyt Oería, ien fan syn trouwe ofsieren. Wylst har man mei de Ammoniten focht, liet de kreaze Batsjêba har by de kening roppe en hie mienskip mei him. In skoftke letter die bliken dat Batsjêba swier fan David rekke wie. Om in grut skandaal tefoarren te kommen liet de kening Oería fan de kriich werom roppe, sa't hy in nacht mei syn frou trochbringe koe, dan like it oft it Oería sels wie dy't syn frou swier makke hie. It wie allegear moai úttocht: David liet him earst troch Oería ynformearje oer de ferrin fan de striid en stjoerde him dêrnei nei hûs om goed te iten en syn frou te geriven.

No wie Oería in tige trou persoan en hy fûn it gjin pas jaan om nei hûs te gean en dêr te iten en te drinken en by syn frou te sliepen, wylst syn maten ûnder drege omstannichheden bûten sliepe moasten. Dêrom wegere Oería om nei syn frou te gean en hy joech him del by de yngong fan it paleis, dat David moast wat oars betinke. Sadwaande hiet er Oería de oare deis yn it paleis te bliuwen om mei him te iten en te drinken. Mar ek nei't David Oería dronken fuorre hie, bleau Oería trou oan syn prinsipe om gjin mienskip te hawwen mei syn frou wylst syn maten striid leveren mei de fijân.

De oare deis joech kening David Oería in brief mei foar de oanfierder Joäb. Yn dy brief skreau de kening dat Joäb Oería ynsette moast op it plak dêr't it fûlst fochten waard en dat de mannen harren dan ynienen werom lûke moasten, sa't Oería allinnich efter bleau en op it slachfjild stjerre soe. En sa barde it dat Oería by de belegering fan de stêd in gefaarlike posysje krige flak ûnder de muorre en stoar yn de striid. Doe't David it nijs hearde reagearre hy lakonyk en sei tsjin de boade dat dy Joäb sizze mar moast dat dy him de saak mar net tefolle oan moast lûke: "it swurd rekket dan de iene en dan de oare".

De profeet Natan jout kening David it leksum (Eugène Siberdt)

Nei't Batsjêba de gebrûklike routiid yn acht naam hie troude hja mei David en hja krigen in soan.[1]

De profesije fan Natan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrmei wie it foar David net ôfdien want wat David mei Oería dien hie wie in grut kwea yn God's eagen. God stjoerde de profeet Natan op David ôf en dy fertelde David in ferhaal oer in rike en in earme man. De rike man hie in grutte keppel fee, wylst de earme man net mear hie as in laam dêr't er hiel goed op paste. Doe't de rike man ris in gast hie, begrutte it him om ien fan syn eigen bisten te slachtsjen en dus naam hy it laam fan de earme man, slachte it en joech dêr syn gast fan te iten. David hearde it ferhaal mei ferbjustering oan en sei tsjin Natan dat sa'n man, dy't gjin begrutsjen mei de earme man hie, net oars as de dea fertsjinne. Doe joech Natan David it leksum en andere dat hy dy rike man wie; dat de Heare God David ryklik seinige hie en dat hy hie noch mear krije kind hie, mar dat hy dochs it wurd fan de Heare ferachte troch Oería de dea yn te jeijen en syn frou fan him ôf te nimmen: "Dû hast him fermoarde mei it swurd fan de Ammoniten en dêrom sil it swurd nea út dyn hûs ferdwine, omdatstû my ferachte hast en de frou fan Oería de Hetyt nommen hast".

De soan fan David en Batsjêba stoar al binnen sân dagen. David en Bathsjêba krigen noch in twadde soan: de lettere kening Salomo.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Samuël: 11:1-27
  2. 2 Samuël 12:1-23