Springe nei ynhâld

Piet Gros

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 okt 2020 om 22.49 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Libben en wurk: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Piet Gros
Piet Gros (2010)
Piet Gros (2010)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 21 july 1962
berteplak Dokkum
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt Gemikus, heechlearaar
reden
  bekendheid
Saakkundige aaiwytkristallografy en komplemintsysteem
prizen Spinozapreemje,
Gregori Aminoffpriis

Pyt Gros (Dokkum, 31 july 1962) is in Nederlânsk gemikus en heechlearaar biomakromolekulêre kristallografy oan de Universiteit Utert fan Frysk komôf. Yn 2010 waard er ûnderskieden mei de NWO-Spinozapreemje foar it "ophelderjen fan de trijediminsjonale struktuer fan it C3-aaiwit".

Gros waard berne yn 1962 yn de húshâlding fan Anne Gros en Aafke Gros-Sikkema. Syn heit wie konsjerzje en administrateur fan de pedagogyske akademy te Dokkum. Letter ferhuze it gesin nei Damwâld. Nei de middelbere skoalle yn Dokkum gie er nei Grins, dêr't er oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) skiekunde studearre. Yn 1985 slagge er cum laude foar syn master om fiif jier letter cum laude te promovearjen op in dissertaasje oer "aaiwytkristallografy'.

Nei syn stúdzje sette er ôf nei it bûtenlân. Sa wie er postdok-ûndersiker oan it ETH Zürich (Eidgenössische Technische Hochschule Zürich) en meiwurker by de Yale-universiteit yn New Haven. Yn 1994 krige er in fêste oanstelling oan de Universiteit Utert om eksperiminteel ûndersyk te dwaan nei nije tapassings fan aaiwytkristallografy. Yn 2002 waard er heechlearaar en fan 2007 oant 2010 wie er haad fan it departemint skiekunde fan de universiteit. Fan 2012 oant en mei 2016 wie er wittenskiplik direkteur fan it Bijvoet Sintrum foar Biomolekulêr Undersyk fan syn universiteit.

Piet Gros is lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) sûnt 2010 en yn april 2013 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Yn 2010 krige Pyt Gros de NWO-Spinozapreemj foar it klearrichheid jaan oer de trijediminsjonale struktuer fan it C3-aaiwit. Dat grutte aaiwyt is ûnderdiel fan it 'oer-ymmúnsysteem' dat noch altyd yn de minske oanwêzich is. Dit ymmúnsysteem falt út selsferdigening alle – ek lichemseigen – sellen oan, mei mooglik desastreuze gefolgen foar it lichem. Mei struktuerbiologyske techniken, sa as aaiwytkristallografy, ûndersiket Gros de struktueren en gemyske ynteraksjes dy't oan de basis lizze fan dat ymmunologyske proses. It ûndersyk fan Gros moat de grûn lizze foar medisynûntwikkeling op it mêd fan ûnder oare reuma, niersykten en hert- en fetsykten. Hy krige yn 2018 ek de Gregori Aminoffpriis, in ynternasjonale priis, dy't sûnt 1979 alle jierren útrikt wurdt troch de Sweedske Akademy op it mêd fan de kristallografy.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsk Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Piet Gros