Newcastle (Washington)
Newcastle | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | King County | |
Boargemaster | John Dulcich | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 10.792 (2012) | |
Oerflak | 11,55 km² (ynkl. wetter) 11,53 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 901 / km² | |
Stêdekloft | 3.500.026 | |
Hichte | 171 m | |
Oar | ||
Stifting | 1870 | |
Postkoade | 98056, 98059 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
ci.newcastle.wa.us.gov |
Newcastle is in stêd yn King County yn de Amerikaanske steat Washington en heart by de Eastside, de eastlike part fan de stêdekloft fan Grut-Seattle. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it 10.380 ynwenners en yn 2012 neffens in rûzing hie it 10.792 ynwenners. It plak is neamd nei Newcastle upon Tyne yn Ingelân en wie in koalmynplakje dat stifte wie yn de 1870er jierren. Stienkoal wie ûntdutsen yn de Coal Creek yn 1863. De spoarwegen kamen al gau yn it plak en it waard in warber koalsintrum, wêr in protte Sineeske wurkers kamen te wurkjen. Yn 1963 sletten de koalminen dochs. Mear as 13 miljoen ton stienkoal totaal wie útgroeven út de minen. Newcastle wie in gemeentefrij plak oant 30 septimber 1994 doe't it offisjeel in stêd waard. It plak leit oan de súdeastkant fan it Washington Mar tusken Bellevue en Renton. De Interstate 405, de rûnwei of 'bypass' fan Seattle rint fan noard nei súd troch it plak hinne. It is benammen in sliepstêd fan Seattle. Troch it heuveleftich gea yn it plak hawwe der foar it goede útsicht in soad rikelju hûzen en is der in golfbaan mei útsicht oer it Washington Mar yn it plak.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Newcastle, Washington fan Wikimedia Commons. |