Springe nei ynhâld

Abraham Hellenbroek

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 okt 2020 om 07.22 troch Edoderoo (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In kopergravuere fan Abraham Hellenbroek, om 1710 makke troch Jacob Golé

Abraham Hellenbroek waard berne op 3 desimber 1658 te Amsterdam. Op 28 febrewaris 1683 waard er as predikant te Zwammerdam befêstige. Yn it sânde jier fan syn betsjinning kaam er ta bekearing. Dêrnei stie er yn Zwijndrecht en noch foar in koart skoftke yn Zaltbommel en op it lêst waard er op 23 jannewaris te Rotterdam befêstige. Dêr gie er yn 1728 mei emeritaat. Hy ferstoar op 16 desimber 1731 te Rotterdam en waard dêr op 21 desimber beïerdige troch syn amtsgenoat Ds. Alardus Tiele. De lykrede befettet in soad bysûnderheden út syn libben en is ek útjûn. De ferstoarne wurdt dêryn tekene as in hiel godfruchtich, trou en learde learaar, dy't in soad betsjutten hat foar de tsjerke fan God en noch altiten ta jin sprekt nei't er ferstoarn is.

  • De Evangelische Jesaia,
  • Salomons Hoogliet verklaart en vergeestelijkt,
  • De Kruis Triumph van Vorst Messias,
  • Bijbelsche Keurstoffen,
  • Voorbeelden der Goddelijke waarheden, (1706, Rotterdam),
  • Nuttige mengelstoffen, (1742, Amsterdam).