Springe nei ynhâld

Konrad Adenauer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 okt 2020 om 14.36 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Konrad Adenauer

Konrad Adenauer (Keulen, 5 jannewaris 1876Rhöndorf, 19 april 1967) wie in Dútske steatsman en earste bûnskânselier.

Adenauer wie û.m. fan 1917 oant 1933 boargemaster fan Keulen. Hy wie in fûl tsjinstanner fan it nazirezjym en waard nei de machtsoername twongen ûntslach te nimmen. Yn de Twadde Wrâldkriich hat er ferskillende kearen finzen sitten. Nei de oarloch wie hy yn 1945 mei-oprjochter fan it CDU en op 15 septimber 1949 waard Adenauer ta earste bûnskânselier fan de nije Bûnsrepublyk keazen. Dy funksje bleau er ferfolgens fjouwer terminen (oant 1967) ferfolje. Under syn regear belibbe Dútslân in sterke ekonomyske opgong (Wirtschaftwunder) en ferkrige it lân soevereiniteit, wylst it har oansleat by alle Jeropeeske organisaasjes.