Withoefolle soarten mûseftigen en oarsoartige kjifdieren dy't taksonomysk sjoen gjin rotten binne, wurde wol faak as sadanich oantsjutten. Fan mûzen ûnderskiede rotten har eins inkeld trochdat se grutter binne. Rotten lizze oer it algemien by de minske op in tige minne namme as fiis en skealik ûngedierte, mar eins binne it yntelliginte bistkes, dy't traind wurde kinne foar in ferskaat oan needsaaklike en gefaarlike putsjes. Teffens is fral de brune rôt yn 'e lêste heale iuw hieltyd mear akseptearre rekke as húsdier.