Springe nei ynhâld

Sheerness

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 okt 2020 om 10.21 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Sheerness
Klokketoer út 1902 op de krusing High Street en Broadway
Klokketoer út 1902 op de krusing High Street en Broadway
Bestjoer
Lân Ingelân
Regio Súd East Ingelân
Distrikt Swale
Sifers
Ynwennertal 11.938 (2011)
Oerflak 3,04 km²
Befolkingsticht. 3.833 /km²
Oar
Postkoade ME12
Tiidsône UTC-0
Simmertiid UTC
Sheppey, op de fierst noardwestlike punt leit Sheerness

Sheerness is in stêd op it eilân Sheppey yn it Ingelske greefskip Kent. It is it grutste plak op it eilân.

Sheerness moast by de oanfal troch de Nederlânske marine yn juny 1667 belies jaan, doe't 72 skippen ûnder de Tocht nei Chatham it lytse fort dêre oermasteren. It beskaafde hâlden en dragen fan de besettingsmacht fernuvere de ynwenners fan Sheerness: de mariniers betellen gewoan foar harren mielen. By de betinking, 300 jier letter, waard de Nederlânske marine mei dêrom wer útnûge.

Sheerness hie in keninklike skipswerf. Sûnt 1860 leit it plak oan it spoar. Sheerness hat in wichtige haven, dêr't fral auto's en goed foar de swier yndustry oan- en ôffierd wurdt. De Olau Line ûnderhold oant 1994 in feartsjinst mei twa skippen tusken Sheerness en Flissingen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]