Springe nei ynhâld

Aleksander Fraser fan Touchfraser en Cowie

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 okt 2020 om 16.57 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Aleksander Fraser
fan Touchfraser en Cowie
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 12??
berteplak ? (Skotlân)
stjerdatum 11 augustus 1332
stjerplak Dupplin Moor (Skotlân)
dynasty Hûs Fraser
etnisiteit Skotsk
keamerhear fan Skotlân
amtsperioade 13?? – 1332
sheriff fan Stirling
amtsperioade 13?? – 1332

Aleksander Fraser fan Touchfraser en Cowie (Ingelsk: Alexander Fraser of Touchfraser and Cowie; yn Skotlân, 12?? – Dupplin Moor (Skotlân), 11 augustus 1332) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht.

Fraser wie in lid fan 'e Clan Fraser, waans famylje oarspronklik fan it Kastiel fan Oliver kaam en laird fan Touchfraser wie. Hy tsjinne ûnder de ferneamde Skotske kening en frijheidsstrider Robert de Bruce teminsten fan 1319 ôf as keamerhear, en ferfolle dy funksje neitiid ek ûnder it regear fan Robert syn soan en opfolger David II. Teffens beklaaide Fraser it amt fan sheriff fan 'e stêd Stirling.

Fraser troude mei Marije fan Bruce, in suster fan kening Robert I. It is ûnbekend wannear't dat houlik sletten is, mar it moat yn elts gefal foàr 1323 west hawwe, it jiers dat Marije kaam te ferstjerren. Hy wie har twadde man, nei de ridder Neil Campbell, dy't yn 1316 stoarn wie. Robert joech oan Aleksander Fraser ek de baronyen fan Cowie, Cluny en Kinnaird yn lien. Under de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch kaam Aleksander Fraser op 11 augustus 1332 te sneuveljen yn 'e striid tsjin 'e Ingelsen yn 'e Slach by Dupplin Moor.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.