Springe nei ynhâld

Inigo Jones

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 okt 2020 om 17.58 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Inigo Jones, skildere troch William Hogarth

Inigo Jones (Londen, 15 july 1573 – dêre, 21 juny 1652) wurdt beskôge as de earste Ingelske arsjitekt fan belang. Hy hat ek ynfloed hân op ûntwerpen foar it teäter.

Ein 16e iuw wie hy ien fan de earste Ingelsken dy't arsjitektuer studearren yn Itaalje. Jones syn wurk lit sûnt in sterke ynfloed fan benammen Andrea Palladio sjen en heart dêrom by it Palladianisme.

De ferneamdste gebouwen dy't er ûntwurpen hat binne de Queen's House yn Greenwich út 1616, en de Banqueting Hall yn it Palace of Whitehall út 1622. De lêste hat in plafond dat beskildere is troch Peter Paul Rubens.

Foar it toaniel makke Jones kostúms foar in tal masques fan Ben Jonson. Jones brocht ek it beweegjend dekôr yn, yn it Ingelsk teater.

Jones beynfloede it wurk fan ferskate arsjitekten út de 18e iuw, benammen Lord Burlington en William Kent.

Jones syn bouwurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Inigo Jones fan Wikimedia Commons.