Kim Novak
Marilyn Pauline Novak (Chicago (Illinois), 13 febrewaris 1933) is in bekende Amerikaanske aktrise.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan har bekende rollen spile hja yn de Hitchcock-film Vertigo ýt 1958. Dizze film wurdt faak in klassiker neamd. Novak spile de dûbelrol fan Judy Barton en Madeleine Elster. Jierren letter waard sy bekend as Kit Marlowe yn de dramarige Falcon Crest.
Har lêste rol hie Novak yn de film Liebestraum, 1991.
Sy hat in tal rollen ôfwiisd, sa as de haadrollen yn Breakfast at Tiffany's (dy gie nei Audrey Hepburn) en The Hustler (dy't nei Piper Laurie gie).
Tusken 15 maart 1965 en 23 april 1966 wie hja troud mei de Ingelske akteur Richard Johnson en sûnt 12 maart 1976 mei Robert Malloy.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The French Line (1954) - Model op 'e trep
- Pushover (1954) - Lona McLane
- Phffft (1954) - Janis
- Son of Sinbad (1955) - Raider
- 5 Against the House (1955) - Kay Greylek
- Picnic (1955) - Madge Owens
- The Man with the Golden Arm (1955) - Molly
- Climax! Televisieserie - Haarzelf (Afl., The Louella Parsons Story, 1956)
- The Eddy Duchin Story (1956) - Marjorie Oelrichs Duchin
- Jeanne Eagels (1957) - Jeanne Eagels
- Pal Joey (1957) - Linda English
- Vertigo (1958) - Madeleine Elster/Judy Barton
- Bell Book and Candle (1958) - Gillian "Gil" Holroyd
- Middle of the Night (1959) - Betty Preisser
- Strangers When We Meet (1960) - Maggie Gault
- Pepe (1960) - Harsels
- The Notorious Landlady (1962) - Carlyle Hardwicke
- Boys' Night Out (1962) - Cathy
- Of Human Bondage (1964) - Mildred Rogers
- Kiss Me, Stupid (1964) - Polly the Pistol/Zelda
- The Amorous Adventures of Moll Flanders (1965) - Moll Flanders
- The Legend of Lylah Clare (1968) - Elsa Brinkman/Lylah Clare
- The Great Bank Robbery (1969) - Suster Lyda Kebanov
- The Third Girl from the Left (Telefyzjefilm, 1973) - Gloria Joyce
- Tales That Witness Madness (1973) - Auriol Pageant
- The White Buffalo (1977 - Fr. Poker Jenny Schermerhorn
- Just a Gigolo (1979) - Helga
- The Mirror Crack'd (1980) - Lola Brewster
- Malibu (Telefyzjefilm, 1983) - Billie Farnsworth
- Alfred Hitchcock Presents (Telefyzje, 1985) - Rosa (Segment 'Man From The South')
- I Have Been Very Pleased (1987) - Rol ûnbekend
- Falcon Crest Televisieserie - Kit Marlowe (28 ôfl., 1986-1987)
- The Children (1990) - Rose Sellars
- Liebestraum (1991) - Lillian Anderson Munnsen
Earebetoan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Novak hat in sjer op de Hollywood Walk of Fame.
Yn 1995, kaam Novak op it 92e plak by Empire Magazine op de list fan de 100 sexiest stars in film history. Yn 1955 wûn hja de Golden Globe Award for Most Promising Newcomer-Female; yn 1957 wûn sy noch in Golden Globe — for World Favorite female actress. Yn 1997 wûn Kim in Honorary Berlin Golden Bear Award en 2002 wie it jier dat hja de Lifetime Achievement Award krige.
De New Yorkse rock band The Velvet Underground hie in nûmmer oer Kim Novak op har album Loaded, mei de titel "New Age".