Springe nei ynhâld

Centerfold

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 okt 2020 om 09.59 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In centerfold (Ingelsk foar "middeltear" of "middenfâld") is in útklapbere side yn in tydskrift, meastal fan in steviger soarte papier as de oare siden, dy't yn 'e midden fan it blêd tafoege is. Centerfolds binne smeleftige posters, dy't bedoeld binne om út it tydskrift te heljen (wat maklik dien wurde kin mei't dêrfoar inkeld de nytsjes útbûgd hoege te wurden) en dan oan 'e wand ophongen te wurden. De term 'centerfold' waard oarspronklik betocht troch Hugh Hefner, de útjouwer fan it neakenblêd Playboy, en centerfolds komme dan ek almeast foar yn neakenblêden, dêr't se beprinte binne mei foto's fan neakenmodellen. Hoewol't it wurd eins ferwiisd nei it útklapbere papier en net nei wat derop stiet, is it meitiid ek in oantsjutting wurden foar sokke neakenmodellen sels. Hoewol't 'centerfold' sadwaande yn it publike bewustwêzen assosjearre rekke is mei eroatysk fotomateriaal, komme ek yn oarsoartige tydskriften centerfolds foar, lykas yn Life, Time of National Geographic, dêr't se beprinte binne mei hiele oare ûnderwerpen, lykas lânkaarten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.