Springe nei ynhâld

Chris Verbeek

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 okt 2020 om 16.30 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Wachters yn Klein-Ulsda (gemeente Reiderlân)
De paal van Staal, Delfsyl
Pick-k-nicktafel yn Smeerling (gemeente Stedskanaal)

Christiaan Garbrand (Chris) Verbeek (Winschoten, 10 novimber 1944) is in Nederlânsk byldhouwer.

Verbeek folge fan 1964 oant 1968 plastysk-stâljaan oan de Akademy Minerva yn Grins; hy krige ûnderrjocht fan û.o. Karl Pelgrom en Johan Sterenberg. Verbeek wie 1969-1970 dosint tekenjen oan in mafû. Verbeek festide him as byldzjend keunstner yn Blijham yn east-Grinslân. Yn 2004 gie er út Nederlân wei en sette him nei wenjen yn Súd-Frankryk.

Verbeek wurket faak mei kortenstiel. In foarbyld dêrfan is it byld dat er yn 2000 makke ta oantins fan Ede Staal. It is in konyske pylder fan 9 meter heech, dy't rillegau de bynamme "de paal van Staal" krige.

  • Monument Ede Staal - Delfsyl (2000)
  • Nagels - Emmeloard (1996)
  • Zonnewijzer - Hoogezand (1994)
  • Bankbeeld - Musselkanaal (1992/1993)
  • Wachters - Klein-Ulsda (1991)
  • Geknakt riet - Kielwindeweer (1990)
  • Pick-k-nicktafel - Smeerling (1986)
  • Zeilen - Scheemda, 't Waar en Termunterzijl (1986)
  • 3 Dozen - Muntendam (1985)
  • Cosmas en Damianus - Grins (1979) yn 'e mande mei Hans van Weerden

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Biografyske feiten by it Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje