Wâlster Feart
Appearance
De Wâlster Feart is in feart yn de gemeente Dantumadiel. De feart rint fan Feanwâldsterwâl nei it noarden en krijt east fan de Sippenfennen de namme Loddehel. Besuden de Sippenfennen komt de Wâlster Mûzeryd út op de Wâlster Feart.
De namme Wâlster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Veenwoudsterwalvaart.