Springe nei ynhâld

George Onslow

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 okt 2020 om 06.47 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Wurk: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
George Onslow

André George Louis Onslow (Clermont-Ferrand, 27 july 1784 – dêre, 3 oktober 1853) wie in Frânske komponist fan diels Ingelske komôf. Yn syn tiid gou er as in wichtich komponist fan meast keamermuzyk. Nei syn dea waard er fergetten.

Onslow bleau syn hiele libben yn Frankryk. Hy wie de soan fan in Ingelske heit, Edward Onslow, en in Frânske mem. As jonkje studearre er piano by Johann Baptist Cramer doe't er yn Londen wenne. Komposysjelear folge er allinne by Anton Reicha yn Parys yn 1807–1808.

Onslow is fral fan witten om de tsientallen strykkwartetten en -kwintetten dy't er skreaun hat. Njonken keamermuzyk skreau er fjouwer symfonyen, fjouwer opera's, koarwurken en pianomuzyk. Syn styl waard tige beynfloede troch de Earste Weenske Skoalle en wurdt skaaimerke troch de sekuere ôfwurking, ryk ferskaat oan melodijen en yngreven kontrapunt. It slagge him om de dramatyk fan de Frânske opera te kombinearjen mei d smûke wrâld fan de keamermuzyk. Ek yn it symfoanyske sjenre die bliken dat er, Berlioz net meirekkene, de meast oarspronklike Frânske komponist fan syn tiid wie.

  • Richard Franks: George Onslow, A Study of His Life and Works. University of Texas Press, 1981.
  • Christiana Nobach: Untersuchungen zu George Onslows Kammermusik. Bärenreiter, Kassel, 1985.
  • Gérard Faivre: Le compositeur Georges Onslow. Santa Maria & Gazelle, Cannes, 1994.
  • Baudime Jam: George Onslow. Les Éditions du Mélophile, Clermont-Ferrand, septembre 2003. ISBN 2-9520076-0-8.
  • Baudime Jam: Introduction à la première édition critique des quatuors à cordes de George Onslow. Les Éditions du Mélophile, Clermont-Ferrand, 2003.
  • Baudime Jam: Les origines anglaises des Onslow d’Auvergne, “Édouard Onslow”, Un, Deux.... Quatre éditions, Clermont-Ferrand, 2004. ISBN 978-2913323858
  • Viviane Niaux: La musique de chambre avec piano de George Onslow. Maîtrise de musicologie, Paris IV 1986-1987
  • R.H.R. Silvertrust: The String Quartets of George Onslow. Edition Silvertrust, 2005.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]