Gnostyske evangeeljes
De gnostyske evangeeljes binne in samling fan likernôch 52 kristlike gnostyske geskriften dêr't fan beweard wurdt dat se basearre binne op âlde wiisheden fan ferskate profeten en religieuze lieders, mei dêrûnder Jezus fan Nazaret. Se datearje út 'e perioade fan 'e twadde oant de fjirde iuw, al hat it wol kâns dat it Evangeelje fan Tomas, dat it âldste fan 'e gnostyske evangeeljes is, gearstald is út boarnen dy't sels noch âlder binne as de kanonike evangeeljes. De gnostyske evangeeljes meitsje gjin ûnderdiel út fan it Nije Testamint fan 'e Bibel, en hawwe nea ta lykfol hokker kanon ek heart; se wurde algemien as apokryf sjoen, en waarden ek yn 'e Aldheid al as sadanich beskôge. Lange tiid wiene se inkeld bekend by en ynteressant foar in beheinde groep bibelwittenskippers en teologen, mar koartby hawwe beskate romans en films (lykas Dan Brown syn The Da Vinci Code en de Hollywood-ferfilming dêrfan mei akteur Nicolas Cage yn 'e haadrol) der lykwols in nije, bredere publike belangstelling foar ûntweitsje litten.
It wurd "gnostysk" komt fan it Grykske wurd gnosis, dat "kennis" betsjut, al wurdt it yn dit ferbân earder yn 'e betsjutting fan "ferljochting" brûkt. Yn tsjinstelling ta earder tinken (dat de gnostyk in poer kristlike steaming wie dy't him nei ferrin fan tiid ôfspjalte fan 'e rest fan it kristendom), is no de teory algemien akseptearre dat de gnostyk in al besteande streaming binnen it joadendom wie dy't op it ûntstean fan it kristendom reägearre, of dat it as streaming binnen it joadendom ûntstie yn reäksje op 'e opkomst fan it kristendom. De kristlike gnostyk wie in part fan 'e ier-kristlike mienksip dat leaude dat de ferlossing net inkeld fuortkaam út 'e ferearing fan Jezus Kristus, mar teffens (of inkeld) út it learen om jinsels troch de iepenbiering fan 'e wiere, geheime leauwenslear los te meitsjen fan 'e materiële wrâld. Neffens dizze religieuze tradysje moasten de antwurden op spirituële fragen binnenyn jinsels socht wurde, ynstee dat se fan bûtenôf op jin ta kamen. Boppedat fûnen gnostisy de funksje fan 'e tsjerke as middelder tusken God en de minske ûnnedich.
De wichtichste gnostyske evangeeljes binne:
- it Evangeelje fan Filippus
- it Evangeelje fan Judas
- it Evangeelje fan Marsion (oftewol it Evangeelje fan de Heare)
- it Evangeelje fan Marije Magdalena
- it Evangeelje fan Tomas
- it Evangeelje fan de Wierheid
- it Grykske Evangeelje fan de Egyptners
- it Koptyske Evangeelje fan de Egyptners
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side. |