Springe nei ynhâld

Hijumer Feart

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 okt 2020 om 06.05 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Hijumer Feart by de Mariëngaardbrêge (nei it westen ta sjoen)

De Hijumer Feart is in feart op de grins fan de gemeenten Ljouwert en Ferwerderadiel. Dit blykt ek út de eardere namme Hijumermear.

De feart begjin by de Feinsumer Feart, en rint dan nei it noarden nei de Sudermiedwei. Dy wei wurdt in lytse kilometer folge nei it noardwesten, mar dan draait de feart fan de wei ôf en giet rjocht op Hijum oan. Foarby Hijum draait er rjocht nei it westen. Op dit plak giet de Kuorfeart nei it noarden nei Hallum en de Hallumer Feart.

Bij de Fiifhúster Dyk draait de feart nei it suden, oant er útkomt op it plak dêr't de Hijumer Feart, de Finkumer Feart en de Leister Feart byelkoar komme. Op dit lêste stik lei oan de eastkant de Hommema-sate, dêr't yn de 18e iuw en 19e iuw Arjen Roelofs wenne hat.