Springe nei ynhâld

Ljouwerter Fearhûs

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 okt 2020 om 18.17 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (dp)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ljouwerter Fearhûs

It Ljouwerter Fearhûs is in ryksmonumint yn de stêd Snits. It gebou stiet by de Lêste Stoerbrêge en wurdt ek wol 'Jagershûs' neamd.

Blikens de gevelizers yn de wetterherberch „De Laatste Stuiver" oan De Swette waard it gebou setten yn 1712. Hjirwei farden de trekskûten op Ljouwert. Eelko Napjus skriuwt hjir oer yn syn Chronyk van Oud en Nieuw Sneek, printe yn 1772. Sa skriuwt er dat der in brêge oer de stedsgrêft lei ter hichte fan de Ljouwerter Piip of Wetterpoarte, dy't spesjaal boud wie foar passazjiers fan de trekskûte dy't sûnt 1661 op Ljouwert farde. Fia dizze brêge koenen minsken oan de oare kant fan de grêft kome en dêrwei - fia in twadde brêge oer de Swette- by it punt fan ôffarren. De skûten leinen doe al net mear efter de Ljouwerter Wetterpoarte oan de ein fan de Pôle mar oan de wâl fan de Swette, flak foar de yn 1712 boude wetterherberch „De Laatste Stuiver".