Lytsdjip
Appearance
- Dizze side giet oer it rivierke yn Eaststellingwerf. Foar it rivierke yn Dokkum, sjoch: It Lytsdjip.
It Lytsdjip (Stellingwerfsk en offisjeel: Kleindiep) is in rivierke bewesten Easterwâlde. It is ûngefear 5 kilometer lang. Eartiids hie it wetter in frije rin, mar it is yn de rin fan de tiid kanalisearre en eigentlik feroare yn in brede sleat. It wetter ûntsprong súdwestlik fan Easterwâlde, mar troch de útwreiding fan it doarp en de oanlis fan de N381 is de oarspronklike boarne ferdwûn. It wetter rint lâns de buorskip Legeduerswâld en rint tusken Makkingea en Easterwâlde út yn de rivier de Tsjonger.
It eartiidske iepenloftswimbad yn Easterwâlde lei ûngefear yn/by it eardere begjin en hjitte dan ek Lyts Djip.