Joseph Kotalla
Joseph Johann (Jupp) Kotalla (Bismarckhütte, 14 july 1908 – Breda, 31 july 1979) wie yn de Twadde Wrâldoarloch haad fan de administraasje yn Kamp Amersfoart. Kotalla wie fertsjintwurdiger fan syn berop en wie ferskate kearen opnaam west fanwege psychyske problemen. Septimber 1942 waard hy fan Schutzhaftlagerführer II Karl Peter Berg yn Amersfoart oansteld.
Ek nei dy oanstelling stie Kotalla ûnder behanneling fan in psychiater. Fan desimber 1942 ôf oant april 1943, waard hy ferplege op de psychiatryske ôfdieling fan in Dútsk militêr sikehûs yn De Haach. Kotalla wie UnterSchutzhaftlagerführer en yn dy fuksje ferfong hy Berg as kommandant at dy dêr net wie.
Kotälla waard kwalifisearre as ien fan de meast wreedferneande kampbeulen fan Amersfoart en krige de bynamme Beul fan Amersfoart. Hy hie it fral net stean op Joaden en prysters. Kotalla die ferskate kearen mei yn in fjoerpeloton.
Yn 1949 waard Kotalla ta de dea feroardiele, in straf dy't 1951 feroare waard yn libbenslange finzenisstraf. Hy waard yn Breda fêstset, mei Willy Lages, Ferdinand aus der Fünten en Franz Fischer (sjoch ek: de Fjouwer fan Breda). Kotalla stoar 1979 yn de finzenis fan Breda.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Dútsk ofsier
- Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Dielnimmer oan de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Lid fan de NSDAP
- Lid fan de SS
- Dútsk faksist
- Dútsk krimineel
- Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden
- Persoan dy't ta de dea feroardiele is
- Persoan berne yn 1908
- Persoan stoarn yn 1979