Springe nei ynhâld

Sânsleat (Terherne)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 aug 2020 om 09.19 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (ts)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Sânsleat is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint troch Terherne en komt út yn de jachthaven oan de Terhernster Mar. De eardere beweechbere brêge oer de Sânsleat is yn de sechtiger jierren in fêste brêge wurden. De nij groeven feart mei beweechbere brêge bûten Terherne by it Oksewiel, oan de kant fan Akkrum, wurdt ek wol de Nije Sânsleat neamd.

De namme Sânsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zandsloot.