Springe nei ynhâld

Uit Friesland's Volksleven

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 aug 2020 om 12.15 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (ts)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Uit Friesland's Volksleven
algemiene gegevens
auteur Waling Dykstra
taal Nederlânsk
foarm sammelwurk, 2 dl.
sjenre folksferhalen
1e publikaasje 1895, Ljouwert
oarspr. útjwr. Uitgeverij M.A. van Seijen
Waling Dykstra yn 1871.

Uit Friesland's Volksleven (folút: Uit Friesland's Volksleven van Vroeger en Later: Volksoverleveringen, Volksgebruiken, Volksvertellingen, Volksbegrippen) is it masterlike sammelwurk fan 'e Fryske skriuwer Waling Dykstra, dêr't er in skat oan ynformaasje foar it neigeslacht yn fêstlei oangeande folksferhalen en folkswiisheden út alle hoeken en hernen fan Fryslân.

Dit wurk kaam yn desimber 1895 yn twa dielen út by Uitgeverij M.A. van Seijen te Ljouwert. De earste bân omfettet de ûnderferdielings Volksoverleveringen en Volksgebruiken, en de twadde Volksvertellingen en Volksbegrippen. Neffens Dykstra syn eigen Voorbericht hat er der acht jier oan wurke en hied er gâns help fan freonen en kunde út hiele Fryslân.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Dykstra, Waling, Voorbericht, yn: Uit Friesland's Volksleven, gjin side-oantsjutting; trêde side fan it foarkaft ôf.

Boarnen

  • Dykstra, Waling, Uit Friesland's Volksleven van Vroeger en Later: Volksoverleveringen, Volksgebruiken, Volksvertellingen, Volksbegrippen, Ljouwert, 1895 (Uitgeverij M.A. van Seijen).