Lâningte fan Kra
De Lâningte fan Kra ferbynt it skiereilân Malakka mei it fêste lân fan Aazje. It eastlik part fan de lânbrêge is fan Tailân, wylst it westlik part ûnderdiel is fan Myanmar. Westlik fan de lâningte leit de Andamanske See en oan de eastkant leit de Golf fan Tailân. It smelste part fan de lâningte is sa’n 44 kilometer breed en de hichte is trochstrings 75 meter boppe seenivo.
De namme fan de lâningte komt fan it distrikt Kra Buri, yn de provinsje Ranong yn Tailân, dat oan de westkant fan it smelste part fan de lâningte leit.
Fanwegen de lokaasje fan it skiereilân Malakka wurdt de rûtes foar de skipfeart om Aazje in stik langer. Hjirom waard al yn 1677 foarsteld om in kanaal troch de lâningte te dolle. It plan wurdt út en troch wer oanhelle yn Tailân. Ek it Thai Rak Thai-regear fan minister-presidint Thaksin Shinawatra, dy’t fan 2001 oant 2006 oan it bewâld stie, hie plannen foar it kanaal.