Springe nei ynhâld

Bradford

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 aug 2020 om 01.59 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Bradfort
Stedhûs Bradfort
Stedhûs Bradfort
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Lân Ingelân
Regio Yorkshire and the Humber
Sifers
Ynwennertal 528.155 (2015)
Oerflak 64,4 km²
Befolkingsticht. 3.468 / km²

Bradford is in stêd (city) yn it bestjoerlik gebiet City of Bradford, yn it Ingelske greefskip West-Yorkshire.

Bradford hat tegearre mei it 14 km fierderop lizzende Leeds in lofthaven.

Histoarysk is Bradford part fan de West Riding of Yorkshire. Bradford waard yn de 19e iuw in sintrum fan ynternasjonaal belang foar de tekstylyndustry, benammen wat it ferwurkjen fan wol oanbelange. Yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje groeide it plak rap (boomtown), hearde it by de earste yndustrialisearre stêden yn de wrâld en waard it rillegau de "wool capital of the world".[1] Yn de omkriten wie genôch stienkoal, izer en wetter foar hannen ta foldwaan fan Bradford syn fabriken. Meidat de tekstylyndustry bot groeide, naam ek de befolking eksplosyf ta. Stipe troch dy ûnjouwings waard der in soad ynvestearre yn stedsûntwikkeling. De Fiktoriaanske arsjitektuer, mei as goed foarbyld it stedhûs, tsjûget der noch fan.

Mids 20e iuw rekke de tekstylsektor yn ferfal. Sûnt moat de ekonomy fan Bradford it meast hawwe fan it toerisme. It Nasjonaal Mediamuseum en de Cartwright Hall lûke in soad minsken. Dochs hat Bradford te krijen mei deselde útdagings as oare Noard-Ingelske stêden yn it post-yndustriële tiidrek, ûntyndustrialisearring, húsfestingsproblemen, sosjale ûnrêst en tanimmende earmoed. Bradford wurdt ek wol sjoen as in skoalfoarbyld fan 'neist elkoar libjende mienskippen' (parallel communities), dêr't de befolkingsgroepen troch etnyske-, kulturele- en religieuze grinzen út elkoar hâlden wurde.

Nei de Twadde Wrâldkriich krige de stêd in soad ymmigranten út Poalen en Oekraïne en yn de jierren '50 ek út Banglades, Yndia en benammen út Pakistan.

Bradfort

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. of Bradford op visitbradford.com; 2008-04-23