Springe nei ynhâld

Hûs fan bewar

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 jul 2020 om 16.24 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Drewes hat de side Hûs fan Bewar omneamd ta Hûs fan bewar)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
'De Schie' yn Rotterdam is neist finzenis ek hûs fan bewar

In Hûs fan bewar is yn Nederlân in finzenisgebou, dêr't minsken meastentiids gjin finzenisstraf útsitte, mar yn (foarriedich) fêstsitte. Yn dy finzenissen sitte fral ferdachten fan in misdriuw yn ôfwachtsjen fan harren feroardieling of frijspraak en persoanen dy't ta hechtens feroardield wurde, bygelyks om't sy in boete net betelle hawwe.