Springe nei ynhâld

Konstantin Korovin

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 jul 2020 om 03.15 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Korovin, troch Valentin Serov, 1891

Konstantin Aleksejevitsj Korovin (Russysk: Константин Алексеевич Коровин ; Moskou, 23 novimber 1863Parys, 11 septimber 1939) wie in Russysk keunstskilder en dekôrûntwerper, waans wurk meast ta it ympresjonisme rekkene wurdt.

Korovin sette útein mei in stúdzje arsjitektuer yn Moskou, mar gie nei twa jier oer op skilderkeunst; hy krige ûnder oaren ûnderrjocht fan Vasili Polenov. Hy makke syn stúdzjes dien yn Sint-Petersburch.

Tusken 1888 en 1894 reizge Korovin mei syn freon Valentin Serov geregeldwei troch Noard-Ruslân en Skandinaavje. Yn 't earstoan hie er in frijwat realistyske styl fan skilderjen, mar nei in pear reizen nei Parys kaam syn wurk oan de ein fan de 19e iuw sterk ûnder ynfloed fan it ympresjonisme te stean.

Neist skilder krige Korovin ek bekendheid as teaterdekorateur, benammen nei 1900, op oanstean fan syn freon Fjodor Sjaljapin hâlde er him dêr mei dwaande. Foar de Wrâldtentoanstelling fan 1900 yn Parys dekorearre er it Russyske paviljoen en ûntfong dêrfoar in ‘gouden medalje’. De gearwurking mei teaterregisseur Konstantin Stanislavski begjin 20e iuw slagge ek tige.

Yn de Earste Wrâldkriich wie Korovin kamûflaazjeadviseur op it haadkertier fan ien fan de Russyske legers en wie er gereldwei oan it front te finen. Nei de Oktoberrevolúsje gie er wer foar it teater oan 'e gong. Sa makke er dekors foar Richard Wagner syn Die Walküre en Siegfried en ek foar De Nutekreaker fan Pjotr Iljitsj Tsjaikovsky(1918–1920).

Yn 1923 ferruile Korovin Ruslân foar altyd foar Parys, mei help fan Folkskommissaris foar Underwiis Anatoli Loenatsjarski, formeel om better te wurden fan in hertsykte. De lêste tiid fan syn libben wie dreech, mei sykte, allerhanne praktyske swierrichheden, earmoed en de soarch foar syn lichaamlik beheinde soan. Korovin skildere yn dy perioade in soad Paryske strjittafrelen, fral om troch de tiid te kommen (hy wie ien fan de earsten dy't wurk op Montmartre ferkocht). Hy bleau ek oan 't wurk as dekorateur foar it teater en ûntwurp ûnder mear it dekor foar Rimsky-Korsakov syn “De Gouden Hoanne”.

Hy stoar yn 1939 en waard begroeven op it Russysk tsjerkhôf te Sainte-Geneviève-des-Bois (Essonne).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Konstantin Korovin fan Wikimedia Commons.