Springe nei ynhâld

Histoaryske geografy

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 jul 2020 om 02.12 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Histoaryske geografy (ek wol tradisjonele kulturele geografy of kultuer(lânskips) geografy) is de wittenskip dy't dwaande is mei de histoaryske diminsje fan geografyske ferskynsels. It is in part fan sawol de geografy as de skiednis.

De histoaryske geografy is in relatyf lyts mêd, mei sa'n 15 wittenskiplike meiwurkers yn Nederlân. It is ûntstien tusken 1920 en 1930 en hâldt him dwaande mei de histoaryske transformaasje fan it natuerlânskip nei it kultuerlânskip troch minsklik hanneljen en leit de klam op de morfology fan it lânskip. Dêrby wurdt sawol op materiële as ymmateriële kultuerferskynsels yngien.

Nederlân hat rûchwei twa skoallen wat histoarykske geografy oanbelanget:

Wageningske Skoalle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eardat de Stichting foar Boaiemkartearring (StiBoKa) fan Cornelis Edelman oprjochte waard, die Willem Oosting boaimgeografysk ûndersyk mei in sterk histoarysk-geografisch karakter. Letter waard dat fuortset troch de assistinte en frou fan Edelman, de sosjaal-geografe Alida Vlam. De sterke ferbûnens fan de histoaryske- en sosjale geografy mei it boaiemkundich ûndersyk wie de reade tried yn it Wageningske ûndersyk, dat bot waakske ûnder lieding fan Jelle Vervloet, yn it earstoan ôfdielingshaad histoaryske geografy yn de StiBoKa en fan 1988 ôf (bysûnder) heechlearaar yn de histoaryske geografy oan de Lânbou-universiteit Wageningen. Syn promovendi Theo Spek en Chris de Bont en oare mei-oparbeiders hawwe dy tried oppakt. Theo Spek waard 2006 beneamd as heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins. De Wageningske skoalle hâld har dwaande mei sawol heech- as leech-Nederlân.

Amsterdamske Skoalle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marcus Willem Heslinga fan de Frije Universiteit en Elisabeth Gottschalk fan de Universiteit fan Amsterdam stienen oan de widze fan de Amsterdamske Skoalle. De stúdzje nei it bemasterjen fan it binnenwetter en de ûntginning fan de feangebieten fan Nederlân en noardwest-Dútslân, wienen it sintrale tema yn dy skoalle. De heechlearaar Guus Borger, fan beide universiteiten, gie itselde paad. Doe't de VU mei har oplieding ophold, waarden de ûndersikers (Aad de Klerk, Albert Thurkow en Taeke Stol) oan de fakgroep fan Guus Borger taheakke. Dêr wienen ek Jan Beenakker, Wim Ligtendag en Henny Kaag van der Boom oan 't wurk. By de VU wie Adriaan de Kraker syn neiste mei-oparbeider.

De histoarysk-geografen oan de Universiteit Utert wienen fanâlds nau ferbûn mei harren Amsterdamske kollega's, al lei dy universiteit safolle klam net op leech-Nederlân. Hans Harten en Hans Renes, de lêste is in promovendus fan Vervloet út de Wageningske Skoalle, hawwe it mêd histoaryske geografy stal jûn yn Utert.

  • Barends, S. e.a., Het Nederlandse landschap, Utert 2000 (achtste printinge).
  • Berendsen, H.J.A., De vorming van het land, Assen 1996.
  • Berendsen, H.J.A., Landschappelijk Nederland, Assen 1997.
  • Bierma, M. e.a. (red.) Terpen en wierden in het Fries-Groningse kustgebied, Grins 1988.
  • Hendrikx, J.A., De ontginning van Nederland, Utert 1998.
  • Huisman, Kerst, Opstand in de turf, Ljouwert 1984.
  • Huisman, Kerst, Penjumer halsbân, Ljouwert 1994.
  • Karstkarel, Peter, De Friese elf steden, Ljouwert 1997.
  • Keuning, H.J., De historisch-geografische landschappen van Nederland, Gorinchem 1946.
  • Kuyper, J., Gemeente Atlas van de Provincie Friesland, Ljouwert 1861 (werprinte 1979).
  • Plaknammen yn/Plaatsnamen in Fryslân: Standertlist mei alle plaknammen yn Fryslân, Ljouwert/Hilaard 1997.
  • Schroor, Meindert, De wereld van het Friese landschap, Grins 1993.
  • Sikkens, Keimpe, Terpenland, Ljouwert s.a.
  • Smook, R.A.F., Binnensteden veranderen, Sutfen 1984.
  • Steegh, Arthur, Monumenten Atlas van Nederland, Sutfen 1985.
  • Taverne, Ed & Irmin Visser (red.), Stedebouw, Nymwegen 1993.
  • Vervloet, J.A.J., Inleiding tot de historische geografie van de Nederlandse cultuurlandschappen, Wageningen 1984.
  • Wijnsma, A.J., Beschermde dorpsgezichten in Friesland: Hollum Ameland, Ljouwert 1991.
  • Woude, Siem van der, De Slachtedijk, Ljouwert 1990.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]