Springe nei ynhâld

Dysentery

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 jul 2020 om 11.49 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st: 'yn't liif' -> 'yn 't liif')
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Dysentery is in slimme foarm fan diarree as gefolch fan in ûnstekking fan it slymflues fan de darm, fral de grutte term mei as skaaimerken bloed en slym by de trochgong, koarts en pine yn 't liif. Yn it gefal fan spesifike oandwanings sa as de Sykte fan Crohn of Colitis ulcerosa wurdt net fan disentery sprutsen.

Der is mear as ien oarsaak fan dit syktebyld. Twa bekende farianten fan dysentery binne:

  • shigelloaze, feroarsake troch shigella-baktearjen. In pasjint mei shigelloaze sil faak better wurde sûnder antibiotika. Wol moat er in protte drinke en moat de elektrolitebalâns omtinken krije, omdat de pasjint troch de loop útdrûchje kin, en yn it slimste gefal shock, krije kin. In behanneling mei in antibiotikum wurdt lykwols, benammen by risikogroepen, wol oanret omdat de sykte relatyf slim en tige besmetlik is. De sykte kin oerdroegen wurde fia fûskjen, doarklinken, toiletbrillen, ensafuorthinne.
  • ameubedysentery, wurdt feroarsake troch ameuben. Ameubedysentery wurdt oerdroegen fia besmet wetter en stiet wol bekend as reizgersdiarree, hoewol't it somtiids ek yn yndistrualisearre lannen foarkomt. In ynfeksje fan de lever mei foarming fan ameube-absessen kin foarkomme. De sykte wurdt behannele mei antibiotika.

Oare oarsaken kinne wêze: parasitêre wjirms, firussen of gemyske stoffen.

Disentery kaam yn de 18e iuw in soad foar op ûnder oaren it Brabânske plattelân en wie better bekend ûnder de namme "reade loop". De sykte wie doetiids faak fataal by bern, ferswakte en âlde minsken.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. bv.: ferstjerren gemeente Zemst fan 1730-1745