Springe nei ynhâld

Rykspartijdei

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 jul 2020 om 03.43 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Rykspartijdei yn 1934
Rykspartijdei yn 1937

De Rykspartijdei (Dútsk: Reichsparteitag) wie in gearkomste fan de Dútske nazy-partij NSDAP dy't faak ienris yn 't jier holden waard yn de jierren 1923 oant en mei 1938. Ynearsten wiene dat gearkomsten fan ien dei lang, letter waarden der mear dagen foar útlutsen. De gearkomsten waarden brûkt as propaganda, benammen sûnt Hitler oan de macht kaam yn 1933. Der binne ferskate films makke fan de Rykspartijdei, bygelyks de films fan Leni Riefenstahl lykas Triumph des Willens en Der Sieg des Glaubens. De gearkomsten fûnen almeast plak op de Reichsparteigelände by Neurenberch.
De earste parijdei fûn plak yn München yn 1923. Trije jier letter wie de oare partijdei yn Weimar. Fan 1927 ôf wiene de partijdagen almeast yn Neurenberch holden. Dy stêd lei sintraal yn it Dútske Ryk, dêr't it Reichsparteigelände (ek wol Luitpoldhain) in gaadlik fjild wie foar grutte tallen minsken. Teffens wie it yn it gebiet Franken, dêr't de nazy-organisaasje goed regele wie.

  • 1923 - Earste Rykspartijdei op 27 jannewaris yn München.
  • 1923 - Gearkomste op 1 septimber yn Neurenberch.
  • 1926 - Twadde Rykspartijdei op 4 july yn Weimar.
  • 1927 - Tredde Rykspartijdei op 20 augustus yn Neurenberg. De propagandafilm Eine Symphonie des Kampfwillens wie doe makke.
  • 1929 - Fjirde Rykspartijdei op 2 augustus yn Neurenberch. De propagandafilm Der Nürnberger Parteitag wie doe makke.
  • 1933 - Fyfde Rykspartijdei fan 30 augustus oant en mei 3 septimber yn Neurenberch. Dy gearkomste krige it tema: Reichsparijtag des Sieges (Rykspartijdei fan de Oerwinning). Dêr waard ta de nazy-oerwinning op de Weimarrepublyk ferwiisd. De propagandafilm Der Sieg des Glaubens wie doe makke.
  • 1934 - Sechde Rykspartijdei fan 5 oant en mei 10 septimber yn Neurenberch. Neitiids binne de tema's Reichsparteitag der Einheit und Stärke (Rykspartijdei fan Ienheid en Krêft), Reichsparteitag der Macht (Rykspartijdei fan de Macht) en Reichsparteitag des Willens (Rykspartijdei fan it Reewêzen). De propagandafilm Triumph des Willens wie doe makke, dêr't 700.000 minsken op ôfkamen.
  • 1935 - Sande Rykspartijdei fan 10 oant en mei 16 septimber yn Neurenberch. It tema wie Reichsparteitag der Freiheit (Rykspartijdei fan de Frijheid), dêr't "Frijheid" ta it ophelpen fan it Dútske leger ferwiisd waard. De propagandafilm Tag der Freiheit: Unsere Wehrmacht wie doe makke.
  • 1936 - Akste Rykspartijdei fan 8 oant 14 septimber yn Neurenberch. It tema wie Reichsparteitag der Ehre (Rykspartijdei fan de Eare), dêr't "Eare" ta it militêre binnenkommen yn it Rynlân ferwiisd waard.
  • 1937 - Njoggende Rykspartijdei fan 6 oant 13 septimber yn Neurenberch. It tema wie Reichsparteitag der Arbeit (Rykspartijdei fan it Wurk), dêr't ta it minderjen fan de wurkleazens ûnder de nazys ferwiisd waard.
  • 1938 - Tsiende Rykspartijdei fan 5 oant 12 septimber yn Neurenberch. It tema wie Reichspartei Großdeutschland (Rykspartijdei Grut-Dútslân) dêr't ta de Anschluss(Oansluting) fan Eastenryk earder yn dat jier ferwiisd waard.
  • 1939 - Alfde Rykspartijdei yn Neurenberch. It tema wie Reichsparteitag des Friedens (Rykspartijdei fan de Frede), dêr't ta it "Dútske winskjen foar frede" ferwiisd waard. Nuveraardigernôch waard dizze Rykspartijdei skrast, om't Dútslân yn gearwurking mei de Sowjetuny in dei earder Poalen ynfallen wie en dêrmei de Twadde Wrâldkriich begûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.