Springe nei ynhâld

.frl

Ut Wikipedy

.frl is in topleveldomeinnamme op ynternet. Op 1 septimber 2014 wie .frl in feit. Op 2 septimber kaam it earste .frl-domein (nic.frl) online.

Yn 2008 makke de ICANN wrâldkundich dat it mooglik wie om nije topleveldomeinnammen oan te freegjen. Yn it koälysje-akkoart fan de koalysje-partijen yn de Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân wie binnen it ûnderdiel 'digitale snelwei' de ambysje opnommen om in .frl-taheaksel te realisearjen.[1] Yn 2011 en 2012 wienen der ferskate diskusjes oer it al of net keapjen fan de topleveldomeinnamme .frl troch de provinsje Fryslân. Yn febrewaris 2012 wiisden Provinsjale Steaten in foarstel fan Deputearre Steaten foar sa'n taheaksel ôf, omdat it tefolle kostje moast.[2] Nei it beslút fan Provinsjale Steaten naam it kommersjele bedriuw Mijndomein.nl it inisjatyf om it fersyk by de ICANN dochs yn te tsjinjen.[3]

Net allinnich yn de provinsje Fryslân, mar ek yn de oare Fryslannen is der mooglik belangstelling foar de ynternettaheaksel. Yn april 2012 waard bekend, dat Mijndomein.nl neigean woe hoe’t de Friezen yn East- en Noard-Fryslân (respektivelik 800.000 en 160.000 ynwenners) it bêste berikt wurde kinne.[4]

De earste moannen kinne saneamde ‘merkrjochthâlders’, organisaasjes en partikulieren dy’t har namme registrearre hawwe, har ynskriuwe. Dêrnei wurde bedriuwen mei in haadfêstiging yn Fryslân en fansels de ynwenners sels aktyf oanskreaun. Elkenien kin dan in .frl krije. Dêrnei sille ek Friezen om utens en oaren de mooglikheid krije te registrearjen. Fia koartingskoades sille minsken tsjin in goedkeap taryf fan in pear euro in .frl bemachtigje kinne. Sa wurdt ek de konkurrinsje oangongen mei de .nl domeinnammen. Der wurdt op priis konkurrearre, mar ek mei in grutte promoasje-aksje yn de begjintiid.

It is fan belang dat it .frl topleveldomein in goede en betroubere namme krijt. Fia saneamde akkreditearre ‘registars’ (bedriuwen dy’t de websiden ferkeapje) en in helder belied om gjin fersmoarging fan it domein te krijen, moat dat slagje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brief oan Provinsjale Steaten (fan de provinsje Fryslân), registraasjenûmer 968487, ûnderwerp: Realisaasje Frysk Top Level Domein (.frl-ekstinsje)
  2. Omrop Fryslân webnijs: Mooglik .frl ekstinsje
  3. Nijsstik fan Mijndomein.nl: Mijndomein vraagt .FRL aan voor de Friezen: It Giet Oan!
  4. .frl giet troch op de webside fan It Nijs