Église du Vieux Saint-Sauveur (Caen)
Alde Ferlossertsjerke
Église du Vieux Saint-Sauveur | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Calvados | |
plak | Caen | |
adres | 13 Rue Saint-Sauveur | |
koördinaten | 49° 11' N 0° 22' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Bayeux | |
status | Net mear yn gebrûk as parochytsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 11e iuw-18e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Kaart | ||
De Église du Vieux Saint-Sauveur (Alde Ferlossertsjerke) is in monumintaal tsjerkegebou yn it sintrum fan de Normandyske stêd Caen.
Foar de Frânske Revolúsje wie it in parochytsjerke en ûntbriek de tafoeging "Vieux". De hjoeddeiske namme krige de tsjerke yn it jier 1802, doe't de Notre-Dame-de-Froide-Rue (Us-Leaffrouwetsjerke fan de Froide Rue) de nije parochytsjerke waard en yn it ramt dêrfan omdoopt waard ta Saint-Sauveur.
Sûnt 29 juny 1951 is de tsjerke klassifisearre as in histoarysk monumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard tsjin it ein fan it karolingyske tiidrek stifte. De âldste dielen fan it monumint binne ein 11e-iuwsk/begjin 12e-iuwsk (fral wat de toer oanbelanget). De tsjerke waard yn de 14e en 15e iuw ferskillende kearen ferboud.
In nij koer waard tusken 1530 en 1546 yn flamboyant-goatyske styl boud. Om it plein by de tsjerke grutter te meitsjen waard yn 1698 it tsjerkhôf ferhûze. Ek waarden der oan twa kanten hûzen tsjin de tsjerke boud. By in werynrjochting fan it Place Saint-Sauveur waard is de 15e-iuwske gevel ôfbrutsen en ferfongen troch in wat westliker nij klassisistysk portaal.
Yn febrewaris 1791 fûn oerlis plak tusken gemeente en it Directoire oer de reorganisaasje fan de parochy's fan Caen. Der wiene plannen om de Saint-Sauveurtsjerke te sluten en de titel fan de tsjerke oer te dragen oan de Cordeliers. In feroardening fan 12 july 1791 twong de tsjerke lykwols de doarren defintyf te sluten en sûnt krige de Notre-Dame de Froide-Rue de namme Saint-Sauveur.
Wat letter waard de âlde Saint-Sauveur, no de Vieux-Saint-Sauveur, feroare yn in nôtskuorre. Letter joech it ek ûnderdak oan de bûtermerk. Op 9 augustus 1837 naam it gemeentebestjoer nettsjintsteande protesten fan de bewenners it beslút om de 16e-iuwske spits fanwegen brekfalligens ôf te brekken. Fan 1886 oant 1928 waard yn de tsjerke it skelet fan in walfisk yn de tsjerke útstald, dy't yn 1885 yn Langrune-sur-Mer oanspield wie.
De tsjerke waard yn 1944 by kriichshannelings swier troffen. De ferneatiging fan it universiteitsgebou efter de tsjerke makke it mooglik om frij sicht op it koer te realisearjen en op dy lokaasje waard in grienfoarsjenning oanlein.
Sûnt it ein fan de jierren 1980 is der in soad restaurearre oan de tsjerke (loftbôgen, it koer en it krús op de krusingstoer). Fresko's út de twadde helte fan de 16e iuw yn it ferwulft binne op 'e nij foar it ljocht helle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église du Vieux Saint-Sauveur de Caen
|