Zuunmod

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Zuunmod
Stedhûs
Stedhûs
Sifers
Ynwennertal (2008)
Oerflak 19,18 km²
Hichte 1.530 m
Polityk
Lân Mongoalje
Ajmag Töv aimag
Oar
Tiidsône UTC+8
Webside Offisjele webside fan Töv aimag
Haadtimpel fan 18e ieuske Boedistyske kleasterkompleks Mandzushirin Khiid

Zuunmod (Зуунмод) is it haadplak fan de Sintrale Provinsje (Töv aimag) fan Mongoalje, it leit sa'n 30 km besuden de haadstêd Ulaanbaatar. Zuunmod hat in befolking fan 14.660 (2006) en in oerflak fan 19,18 kante kilometer[1]. Zuunmod leit oan de súdkant fan de berch Bogd Khan Uul ('berch fan de hillige Khan'), 43 km fan Ulaanbaatar.

Zuunmod waard haadplak fan Töv aimag yn 1942. Oant dat jier ta siet it provinsjebestjoer yn Ulaanbaatar.

Libbene have[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2004 hie Zuunmod offisjeel sa'n 24000 stiks libbene have: 8.500 geiten, 12.000 skiep, 2.000 kij en likernôch likefolle hynders; der wienen doe gjin kamielen[2].

Zuunmod

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Төв аймаг - Зуунмод

  1. "Төв аймгийн төв Зуунмод хот нь 1918 га газартай": Offisjele webside fan Töv aimag
  2. Nasjonaal Buro foar Statistyk: Telling libbene have 2004 (yn't Mongoalsk), s.109