Zsa Zsa Gabor

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Zsa Zsa Gabor in Lili trailer 1.jpg
Zsa Zsa Gabor, publisiteitsfoto ±1955

Zsa Zsa Gábor (Boedapest, 6 febrewaris 1917), berne as Sari Gábor, is in Hongaarsk-Amerikaansk aktrise. Sy en har twa susters Magda (1917-1997) en Eva (1921-1995) wiene ferneamd om harren skientme en net yn't foarste plak fanwegen harren akteartalint. Zsa Zsa stie ek bekend om har leafde foar juwielen en har sneedskens.

Gábor wie Miss Hongarije yn 1936.

Sûnt 2007 is hja yn it nijs fanwegen finansjele swierricheden en tebekrinnende sûnens.

Houliken[bewurkje seksje | edit source]

Gábor is yn totaal acht kear troud:

  • 1937: Burhan Belge. Oant 1941.
  • 1942: Conrad Hilton. Ien dochter: Constance Francesca Hilton, neffens Gabor oanset nei in ferkrêfting troch har man. Skieding yn 1947
  • 1949: George Sanders. Se skieden yn 1954, wêrnei't hy mei har suster Magda troude. Uiteinlik die hy himsels te koart.
  • 1964: Herbert Hunter. Skieding yn 1966.
  • 1966: Joshua S. Cosden, Jr. Skieding yn 1967.
  • 1975: Jack Ryan. Hy wie útfiner en wurdt yn ferbân brocht mei de Barbiepoppe. Skieding yn 1976.
  • 1977: Michael O'Hara. Oant 1982.
  • 1986: Frederick Prinz von Anhalt. Hy is net berne as prins, mar krige dizze namme troch him adoptearje te litten.

Films[bewurkje seksje | edit source]

Under oaren:

Hja spile dêrnei noch in soad rollen yn films en op televyzje, mar har aktearkwaliteit gie hieltyd mear efterút. Har lettere karriêre wie mear dy fan in 'VIP' yn stee fan in aktrise. Nei de jierren 60 hie hja noch wolris gastrollen yn films.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Zsa Zsa Gabor mei Gerold Frank, Zsa Zsa Gabor, My Story, The World Publishing Company, 1960.
  • Zsa Zsa Gabor, How to Catch a Man, How to Keep a Man, and How to Get Rid of a Man, Doubleday, 1970.
  • Zsa Zsa Gabor, assistinsje en redaksje troch Wendy Leigh, One Lifetime Is Not Enough, Delacorte Press, 1991. ISBN 0-385-29882-X
  • Anthony Turtu en Donald F Reuter, Gaborabilia, Three Rivers Press, 2001. ISBN 0-609-80759-5

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]