Zabriskie Point
Ut Wikipedy
Zabriskie Point is in bekend útsjochpunt yn it Death Valley National Park yn Kalifornje. It is ien fan de gleonste plakken op ierde en wurdt skaaimerke troch syn pastelkleurige weagjende dúnlânskip dêr't sa goed as neat libbet.
It plak is ferneamd nei de Amerikaanse sakeman en ûnderdirekteur fan de Pacific Coast Borax Company: Christian Brevoort Zabriskie (1864 - 1936).
Zabriskie Point is ek de titel fan in film fan Michelangelo Antonioni út 1970. In lyts gedielte fan de film spiet him ek werklik op dit plak ôf.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zabriskie Point fan Wikimedia Commons. |