Yme Kuiper (sportbestjoerder)
Appearance
Yme Jzn. Kuiper is in sakeman út It Hearrenfean mei in gruthannel yn bakkersgrûnstoffen. Hy wie ien fan de trije direksjeleden fan SK It Hearrenfean. Mei Henk Hoekstra en Jan van Erve wie er ferantwurdlik foar de deistige gong fan saken by de klup. Kuiper wie ferantwurdlik foar de algemiene en technyske saken. Net-formeel waard er sjoen as de foarsitter fan de klup; hy folge Koos Formsma op dy't yn de simmer fan 2007 nei in jier ophâlden wie as foarsitter. Kuiper trede ek faak yn de rol as foarsitter yn namme fan de klup nei bûten. Foardat Kuiper lid waard fan de direksje wie er ek al jurist foar SK It Hearrenfean.
Sûnt 1 augustus 2010 is Kuiper opfolge troch Robert Veenstra as foarsitter fan SK It Hearrenfean.
Dit artikel is in stobbe oer sport.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |