Koos Formsma

Ut Wikipedy

Koos Formsma (Ljouwert, 1957) wie fan 1 oktober 2006 oant 24 july 2007 de foarsitter fan fuotbalklup SK It Hearrenfean. Hy wie yn 'e tiid fan syn middelbere skoalle hockeyer en spile letter yn it earste alvetal fan Quick Stick fan It Hearrenfean. Fan 2004 ôf hie Formsma in sit yn de Rie fan Bestjoer fan de sportklup. Op 1 septimber 2006 kaam er offisjeel yn tsjinst fan It Fean.

Formsma wie de opfolger fan Riemer van der Velde, dy't mei 23 jier de langstsittende foarsitter fan in Nederlânske bettele fuotbalklup ea wie.

Formsma hat noch gjin jier yn by SK Hearrenfean sitten, op 24 july 2007 is er om saaklike redens opstapt. Hy waard opfolge troch Yme Kuiper.