Wytnekkraan
| Wytnekkraan | ||||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||
|
||||||
| soarte | ||||||
| Grus vipio |
De Wytnekkraan (Grus vipio) is in fûgel út de famylje fan de kraanfûgels dy't yn it Easten fan Aazje foarkomt.
Ynhâld |
Foarkommen [bewurkje seksje]
De Wytnekkraan is in 130 sm grutte fûgel mei in gewicht fan sa'n 5,6 kilogram. Hy sit hast hielendal griis yn de fearren. Allinnich op 'e skedel en fierder oer de nekke oant de rêch hat er wite fearren. Op syn gesicht hat er swart mei in reade râne om syn eagen. Fierder hat der opfallend rôze poaten.
Fersprieding [bewurkje seksje]
De Wytnekkraan briedt yn it noardeasten fan Mongoalje, it noardeasten fan Sina en oangrinzjende gebieten yn súdeast Ruslân. De fûgels oerwinterje súdliker yn Sina, Korea of op it eilân Kyushu yn Japan.
Iten [bewurkje seksje]
Lykas de measte Kranen ite dizze fûgels meast sompe- en wetterplanten en ek ynsekten en oare lytse dieren.
Fuortplanting [bewurkje seksje]
De fûgels meitsje in nêst fan plantemateriaal op in droech plak yn de sompen. It wyfke leit twa aaien dy't troch de beide âlden yn sa'n 28-32 dagen útbred wurde. De jongen komme foar it earst op de wjukken nei sa'n 70-75 dagen.